Nij Cambuurstadion wurdt neat: gemeente Ljouwert easket jild

novimber 25, 2020 09:04

De gemeente Ljouwert wol skea dy’t ûntstien is troch it weromlûken fan Wyckerveste as ûntwikkelder fan it nije Cambuurstadion ferhelje op de projektûntwikkelder. Dat meldt it gemeentebestjoer yn in brief.

De gemeente stelt de projektûntwikkelder yn de brief oanspraaklik foar de kosten dy’t makke binne, en noch makke wurde. “Nu al is duidelijk dat de schade aanzienlijk zal zijn”, stiet yn de brief. Wethâlder Hein de Haan kin no noch net sizze hoe grut oft de skea presys is, seit er. Dat moat noch ynventarisearre wurde. “Mar we binne no drok oan ’e gong mei it grûnwurk bygelyks. Wy moatte sjen wat te ferheljen is en wat net.”

De bou fan it nije Cambuurstadion is foarearst fan de baan, no’t Wyckerveste him weromlutsen hat. De ûntwikkelder hie it foarûndersyk nei de helberens fan it nije stadion net útfiere kinnen, sa wie it sizzen. De Haan hopet noch op in trochstart: “Dêr sette we op yn. Wyckerveste kriget it net rûn, dat betsjut dat wy mei oare partijen fierder moatte.”

Wyckerveste seit dat de gemeente te let is mei it opsizzen fan de oerienkomst en wol just kosten ferhelje op Ljouwert. De ûntwikkelder seit dat Friese Poort, dat ek yn it projekt sit, him net oan de ôfspraken hâldt. Dêrtroch hat Wyckerveste in gat fan 13,3 miljoen euro yn de begrutting. “Gjinien sit te wachtsjen op lange prosedueren”, seit De Haan. “As we der net útkomme, dan sil dat wol barre, mar we wolle dat foarkomme.”

Oer in trochstart hat De Haan no noch neat te melden. “We sille der dizze wike mei teset. We moatte sjen wat mooglik is, dêr ha we efkes de tiid foar nedich.” Wyckerveste skriuwt dat se meiwurkje wolle as in oare partij de ûntwikkeling oernimme wol.

Earder waard al dúdlik dat de gemeente de wurksumheden ôfrûnet dy’t al dwaande wiene, lykas de ynrjochting fan de iepenbiere romte en de oanlis fan it parkearterrein op De Zwette. Bouwgroep Dijkstra Draisma realisearret de supermerken Jumbo en Aldi neffens de ôfspraken. Dy sille yn de maitiid fan 2021 de doarren iepenje.

Boarne: Omrop Fryslân

novimber 25, 2020 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.