Nij berneboek ‘Jou my de romte!’ bringt freonskip fierder

novimber 21, 2020 09:00

It earste eksimplaar fan it nije berneboek Jou my de romte! is freed 20 novimber oanbean oan learlingen fan mienskipsskoalle Bloei yn Terherne. Earder waard dêr ek it bybehearrende escape(class)room-spul lansearre. Jou my de romte! is skreaun troch Bart Kingma en giet oer Anno N., dy’t as learling fan groep 7 slim narre waard.

Bart Kingma by de presintaasje (foto: Afûk)

Yn it boek jout Anno sels in beskriuwing fan syn ferfelende skoaltiid en lit dêrmei sjen hoe’t it narjen begûn en hieltyd fierder gie. Tagelyk beskriuwt er in oar ferrin fan syn libbensferhaal. Yn in nije ôfsluting, bûge de learlingen narjen en iensumheid om nei soarchsumens en freonskip.

Ik bin net sneu. Der is niks mis mei my. Ik sis it lûdop tsjin mysels. Dat foel my hjoed ynienen op. Dat ik tsjin mysels sizze moat dat ik okee bin. Die ’k froeger noait. Noait ha ik mysels fertelle moatten dat ik net sneu bin. Ik bin ommers net sneu. Mar no moat ik it lûdop sizze. Oars begjin ik oan mysels te twiveljen. Is der miskien dan toch wól wat mis mei my?

Nee toch? Nee! Toch?

Mei in knypeach nei it escape(class)room-spul waard skriuwer Bart Kingma yn in plysje-auto nei de skoalle ta brocht. Sawol Kingma as de plysjes fertelden dêr koart wat oer narjen, iensumheid en de ynfloed fan oaren by kattekwea en misstappen.

Relaasje mei escape(class)room-spul ‘Anno N. fersus skoalbern’
Jou my de romte! is folslein selsstannich te brûken, mar kriget oanfoljende wearde yn kombinaasje mei de escape(class)room Anno N. fersus skoalbern. Yn de klasse komt it boek ekstra ta libben troch alderhande ferwurkingsopdrachten. De aktiviteiten jouwe oanlieding om kwaliteiten faninoar te beneamen, mar ek om te ûnderfinen wat in oar syn reaksje betsjutte kin foar dyn eigen dwaan en litten. It boek wurdt nei oanmelding fia www.annon.frl fergees oanbean oan learlingen fan groep (6), 7 en 8. Jou my de romte! is fan no ôf ek te keap yn de boekhannels, de Afûk-winkel en de websjop fan de Afûk.

Anno N. bringt freonskip fierder!
Anno N. fersus skoalbern en Jou my de romte! binne projekten fan: Afûk, Cedin, Fers, GGD Fryslân, NHL Stenden, Omrop Fryslân en ROC Friesland College, yn opdracht fan Provinsje Fryslân.

Boekgegevens
Jou my de romte! | Tekst: Bart Kingma | Yllustraasjes: Marijke Klompmaker | Utfiering: paperback | ISBN: 978 9493159532

novimber 21, 2020 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.