Neushoorn, 3voor12/Friesland en D’Drive starte wyklikse liveshow

novimber 13, 2020 08:57 Fernijd

Poppoadium Neushoorn yn Ljouwert, de lokale ôfdieling fan VPRO’s online magazine: 3voor12/Friesland en de kreative oplieding D’Drive hawwe besletten om mei-inoar op te arbeidzjen. Soks omdat der ûnder de hjoeddeistige koroanamaatregels net in soad mear mooglik is. Fan freed 13 novimber ôf bringe se in wyklikse liveshow fan in oere, dêr’t ien Fryske act yn nei foaren helle wurdt en mei ferskate tafelgasten djipper op it wurk yngien wurdt.

Programmamanager Wietze Meetsma fan Neushoorn: “Op dit stuit kinne wy gjin poadium biede oan lokaal talint. De acts sitte thús en kinne ek nearne terjochte om’t suver alle spylgelegenheden ticht binne. Dochs soarget dizze situaasje ek foar in soad kreativiteit by de acts. Der is in ûnbidich soad nij wurk makke yn de lockdowns. Wy wolle mei dizze liveshow ien act in poadium biede, troch him/har in oere lang yn de skynwerpers te setten, syn/har muzyk live spylje te litten en it petear mei him/har oan te gean.”

De hiele show wurdt live filme en regissearre troch dosinten en studinten fan de oplieding D’Drive. Troch de situaasje fan dit stuit is der in ferlet ûntstien op de staazjemerk en op dizze manier kinne studinten praktykûnderfining opdwaan.

De liveshow ‘NTV – Neushoorn Television’ is fan freed 13 novimber wykliks te folgjen fan 20:00 oant 21:00 fia YouTube, op it Facebook-kanaal fan Neushoorn en nei ôfrin as podcast te beharkjen fia Spotify.

novimber 13, 2020 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.