Net mear skrieme
Resint ferskynd
Oertinking by Jesaja 40,1-11
Alle jierren opnij wurdt dit stik fan Jesaja lêzen. En alle jierren opnij lit it minsken oereinkomme út harren striid en fertriet en jout it nije moed. Der komt in ein oan alle striid en lijen, sa boadskippet Jesaja oan it âlde folk. De lêzer fan hjoed fielt himsels op de iene of oare wize ien mei it âlde folk. It lijen is der, it fertriet, de noed en soargen, en men wit der gauris gjin ried foar, gjin útwei, gjin help. It heart by it moderne libben dat men jin der mar by delleit.
En dan komt dit boadskip: de striid is de ein fan te sjen. It wurd giet op it hert ôf, it jout nije moed. Alden hawwe sitten te skodholjen by it sjen fan wat der fan de jongelju telâne komt; hja beskuldigje harsels fanwegen harren misse oanpak by it opbringen. En dan seit it boadskip: dy missetten binne no rjochtset; wat ferkeard giet, giet no tenei goed. En Hy dy’t dat yn oarder bringt is ûnderweis. Hy is deunby, sadanich dat de ien it de oar al taropt: sjoch, hjir is jimme God; hjir is de Hear. Hjir is de goede Hoeder, dy’t Syn libben foar syn minsken oerhat, dat hja libje soene.
ds. Pieter Miedema
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje