Nei alle gedachten oanskerping koroanaregels: bioskopen en teäters ticht
Resint ferskynd
It kabinet tinkt deroer om musea, bioskopen en teäters fan tongersdei ôf foar twa wike te sluten en it maksimumtal minsken dat mei-inoar de dyk op mei werom te bringen fan fjouwer nei twa.
Oant it begjin fan ’e jûn hat it kabinet snein yn it Catshûs oer de hjoeddeiske oanpak praat en it mooglike effekt fan de maatregels dy’t no jilde.
Tiisdei sil it kabinet dúdlikens jaan, dan stiet der wer in parsekonferinsje fan premier Rutte en minister De Jonge fan Folkssûnens plend. Der sil dan ek wat sein wurde oer reizgjen nei it bûtenlân. It kabinet wol reizgjen ûntmoedigje, mei it each op it kommende wintersportseizoen.
Snein wie foar it earst sûnt in skoftke it tal nije koroanagefallen flink leger: 8740 nije gefallen, goed tûzen minder as sneon. Ofrûne wike gie it om yn trochsneed tsientûzen besmettings deis. Mids oktober gie de hoareka ticht en krige elkenien it driuwend advys om yn publike romten in mûlekapke te dragen en sa min mooglik te reizgjen. Húshâldens meie mar trije minsken deis ûntfange. Mar nei it yngean fan dy maatregels op 15 oktober gie de flinke stiging fan it tal nije koroanabesmettings just troch.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje