NBE Nijjierskonsert yn it Konsertgebou: oars as oars

novimber 15, 2020 08:56 Fernijd

It tradisjonele Nijjierskonsert fan it Nederlânsk Blazers Ensemble (NBE) yn it Konsertgebou yn Amsterdam op freed 1 jannewaris 2021 sil der folslein oars útsjen as alle eardere edysjes. Om’t it op it stuit net dúdlik is oft it Konsertgebou fanwege de RIVM-maatregels wol besikers – en hoefolle dan – talitte mei, is it drege beslút nommen om it Nijjierskonsert hielendal sûnder publyk te spyljen. BNNVARA sil wol it konsert útstjoere op 1 jannewaris om 19.00 oere op NPO 1.

Foto: NBE

In grutte ôffaller foar sawol it NBE as it trouwe publyk, mar it NBE hat dy de grutte teloarstelling fuortdaliks omdraaid yn in unike kâns: sûnder publyk kinne de blazers mei harren Nijjierskonsert ôfwike fan de standertopstelling. Der binne mooglikheden dêr’t earder nea sprake fan wie: de blazers sille dy oangripe om de NBE-klanken op in nije manier te presintearjen. Foar it earst yn ’e skiednis fan it Konsertgebou en it NBE sil it Nijjierskonsert net allinnich op it poadium spile wurde, mar ek yn ’e seal en yn romten foar en efter de skermen.

Foto: NBE

BNNVARA makket de opnames fan it spektakel en stjoert it konsert út op 1 jannewaris om 19.00 oere op NPO 1. It programma fan de jûn bliuwt oant krekt foar de útstjoering in ferrassing. Wat wol al fêststiet binne de optredens fan de winners fan de komposysjekriich foar jong talint mei it NBE. Tema dit jier is: ‘Kom oerein!’. De winners fan de foarkriichkonserten meitsje har ûnderwilens op foar de heale finales ein novimber. De finale folget yn desimber. Op ’e webside fan it NBE binne alle optredens fan de winners fan de foarkriichkonserten te sjen: nbe.nl/nieuws.

novimber 15, 2020 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.