Natuermuseum Fryslân bernefreonlikste museum fan Fryslân 2021

novimber 19, 2020 08:29

It Natuermuseum Fryslân mei him it kommende jier, foar de achtste kear achterinoar, it Bêste Kidsproof-museum fan Fryslân neame. Dy titel fertsjinnet it op basis fan yngeand ûndersyk troch saneamde Museumynspekteurs (bern oant en mei 12 jier). Hja joegen it museum it rapportsifer 8,64 en it Natuermuseum is dêrtroch neffens de ynspekteurs it bernfreonlikste museum fan Fryslân. It museum waard provinsjewinner ûnder mear hjirtroch: om’t je de UnderWetterSafari dwaan kinne en nei de souder fan Darwin gean kinne.

Foto: Natuermuseum Fryslân

Alle jierren stimulearret de Museumferiening bern om nei musea te gean én dy te beoardieljen. Bern meie as echte Museumynspekteurs harren miening jaan oer tal fan saken lykas de kwaliteit fan de útstallingen, oft hja nije dingen leard hawwe en wat hja feroarje soene as se sels ien dei museumdirekteur wêze mochten.

Nettsjinsteande de koroanakrisis witte Nederlânske musea de jongste generaasje goed te berikken: yn totaal waarden mear as 10.000 rapporten ynfolle troch goed 3.500 jeugdige ynspekteurs. Dêrtroch meie yn totaal 52 musea, ferspraat oer it hiele lân, har in hiel jier lang Kidsproof neame. Yn Fryslân is dat allinne it Natuermuseum. De lanlike winner is Museum Helmond. Troch de koroanamaatregels waarden de Museumkids Awards dit jier online útrikt.

Musea gau wer iepen
Musea dogge tongersdei 19 novimber, nei in ferplichte tydlike sluting om de koroanabesmettingen en oerbelêsting yn de soarch tebek te kringen, de doarren wer iepen. Dan binne ek de Museumynspekteurs en Museumkaarthâlders wer wolkom by de goed 400 leden fan de Museumferiening.

Oer de Museumkids Award
Op museumkids.nl steane alle bernefreonlike musea byinoar. Dy hawwe fan minstens 60 bern o/m 12 jier it rapportsifer 8 krige. Museumkids is in inisjatyf fan de Museumferiening, bringt de jongste generaasje, en dêrmei ek harren heiten en memmen, paken en beppen, mei museale kolleksjes troch it hiele lân yn kontakt. Mei dy kolleksjes fertelle musea ferhalen dêr’t bern de wrâld en harren eigen omjouwing mei leare te ûntdekken.

novimber 19, 2020 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.