Mooglik nije spoarferbining Lelystêd-Grins fia Fryslân

novimber 27, 2020 12:42

Foto: Wikimedia Commons/Combino – lisinsje CC BY-SA 3.0

Mooglik komt der dochs in treinferbining tusken Lelystêd-Emmeloard-It Hearrenfean-Drachten-Grins. Dy saneamde Lelylijn wie lang in winsk fan de provinsjes Fryslân en Grinslân, mar dy like net út te kommen. De ministearjes fan ferkear en ynlânske saken wolle no lykwols op ‘e nij ûndersykje oft de oanlis fan in nij spoar foar sa’n ferbining út kin. Mocht dat net slagje, dan wurdt ûndersocht oft de ferbining fan ‘e Rânestêd mei Ljouwert en Grins flugger kin.

Dúdlik is dat beide opsjes op syn minst fjouwer miljard euro kostje en dat dat jild der op it stuit net is.

novimber 27, 2020 12:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.