Minister Schouten kriget woansdei Oanfalsplan Skries

novimber 16, 2020 15:51

Nijs fan It Fryske Gea

Ald-minister fan miljeu Pieter Winsemius hat it rêdingsplan foar de skries skreaun. Dat die er mei de deputearren Staghouwer (Grinslân) en Hoogland (Frl.), It Fryske Gea, Fûgelbeskerming Nederlân, de Fryske Miljeufederaaasje, wittenskippers en lânbou-organisaasjes. Dat Aanvalsplan Grutto sil er woensdei 18 novimber minister Carola Schouten oanbiede.

Foto © It Fryske Gea

Oanfal is de lêste ferdigening
De skries, dy’t wol ús nasjonale fûgel neamd wurdt, rekket dy namme hurd kwyt. Yn 1970 wiene der noch 120.000 briedpearen, mar no binne der minder as 30.000 en dat tal wurdt geandewei noch minder. Nederlân hat in ynternasjonale ferantwurdlikheid foar de skries: 80% fan Europeeske populaasje briedt hjir.

Dat it mei de greidefûgels sa hurd efterútgiet komt trochdat it unike greidelânskip ferlern giet. Fan oare greidefûgels lykas de ljip, de strânljip en de tsjirk binne der ek hieltyd minder. Dat ferlies, ek fan ynsekten, hat makke dat der de lêste jierren mear omtinken is foar it ophelpen fan in bioferskaat (Deltaplan Biodiversiteit). Der binne alderhande inisjativen ûndernommen, mar se hiene net genôch effekt. Dêrom dat no ta de oanfal oergien wurdt.

Maatregels yn kânsgebieten
Foar it rêden fan de skries is it nedich om gebieten dy’t foar greidefûgels kânsryk binne optimaal yn te rjochtsjen en te behearen. Sokke gebieten moatte grut en iepen genôch wêze om dêrút wei de populaasjes skriezen en oare greidefûgels in kâns te jaan. Yn it briedseizoen moat it wetterpeil flink omheech en it agrarysk behear moat oanpast wurde. In tydlik predatoarebehear moat foar in werklik lykwicht soargje.

Gebieten mei nei ferhâlding in protte greidefûgels. Dêr wurde de kânsgebieten socht. © It Fryske Gea

Fryslân foarop yn de striid foar greidefûogels
Deputearre Douwe Hoogland is bliid mei it oanfalsplan: “De provinsje hechtet in protte wearde oan greidefûgels. De skries is in ikoan foar it Fryske lânskip. As provinsje dogge we alle war om foar te kommen dat de greidefûgels ferdwine.” De greidefûgelbehearders binne al drok dwaande om it plan út te wurkjen. Dat moat healwei 2021 útrinne op in folslein nij provinsjaal greidefûgelbelied. Hans van der Werf fan de Fryske Miljeufederaasje wol dat Fryslân it foarbyld wurdt foar hiele Nederlân.

Mear ynformaasje

Oanfalsplan

Gearfetting Oanfalsplan

Radio-ynterview (9.00-10.00 o.) mei Pieter Winsemius en Kees de Pater fan Vogelbescherming Nederland op ‘Vroege Vogels’ fan snein 15 novimber

novimber 16, 2020 15:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.