Mick Jagger iepenet ekspo ‘The Rolling Stones – Unzipped’

novimber 19, 2020 08:46

It Grinzer Museum iepenet op freed 20 novimber de doarren wer en trapet dan fuortdaliks ôf mei The Rolling Stones – Unzipped. Net ien minder as Mick Jagger iepenet de grutte útstalling op tongersdei 19 novimber om 17.00 oere op rollingstonesgroningen.nl. Fanwegen koroana is de iepening folslein online. Fan 20 novimber ôf is it publyk wolkom mei in foarôf op de webside reservearre tagongskaart.

The Rolling Stones (foto: The Rolling Stones Archive)

Online iepening op tongersdei 19 novimber
Leo Blokhuis hat in fraachpetear mei Mick Jagger en toant tegearre mei direkteur Andreas Blühm in pear hichtepunten út de eksposysje. Blokhuis hat ek fraachpetearen mei in stikmannich bekende Nederlanners dy’t grut fan fan de band binne. Lucy Woesthoff (earder pr-manager fan de Stones), Klaas Knot (presidint fan De Nederlânske Bank), Matthijs van Nieuwkerk (presintator) en Humberto Tan (presintator) fertelle allegear oer harren bysûndere bân mei de Stones. De iepening is foar elkenien op tongersdei 19 novimber om 17.00 oere koroanafeilich te folgjen op rollingstonesgroningen.nl en dvhn.nl.

Fan freed 20 novimber wer iepen foar publyk
It museum moast fanwege de lanlike wetjouwing tydlik de doarren slute. Op tongersdei 19 novimber kinne sponsoaren en leden fan de Freonen fan it Grinzer Museum alfêst binnen sjen en fan freed 20 novimber ôf is elkenien mei in tagongskaart wer wolkom. It museum is dan allinnich tagonklik mei in tagongskaart foar in beskaat tiidslot dat foarôf fia de webside reservearre is.

Tagongskaarten wer yn de foarferkeap te krijen
Tagongskaarten foar de útstalling binne sûnt ôfrûne wykein wer te keap fia rollingstonesgroningen.nl. Fanwegen de ûnwissens oangeande de ûntwikkelingen fan it koroanafirus en de maatregels fan de oerheid, wurde kaarten hieltyd wykliks ferkocht. Alle sneonen binne der wer nije kaarten beskikber.

‘The Rolling Stones – Unzipped’ (foto: Groninger Museum)

Oer de útstalling
The Rolling Stones – Unzipped toant goed 400 orizjinele objekten út de samling fan de Stones. Net allinnich ynstruminten en poadiumûntwerpen, mar ek seldsume audiofragminten en fideomateriaal, persoanlike deiboeken, ikoanyske kostúms, postermateriaal, albumhoezen en sels harren studio en it beskieden ferbliuw yn Edith Grove yn Londen.

Mediapartner fan de online iepening is it Deiblêd fan it Noarden.

novimber 19, 2020 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.