Mei in spatskerm ynstee fan in mûlkapke? Wat seit de wet?

novimber 30, 2020 16:34

Foto: Unsplash

Fan tiisdei 1 desimber ôf moatte jo yn Fryslân op gâns plakken in mûlkapke foarbûn hawwe, sa hat it Nederlânske regear ornearre. Dy’t dat net docht, kin in boete fan 95 euro krije. In strafblêd kin men der net mear mei oprinne.

De snuteldoekjes binne ferplichte op de measte plakken dêr’t men jin ûnder in dak befynt, lykas winkels, skoallen, stasjonsgebouwen, museums, restaurants en skouboargen. De ferplichting jildt net as men in fêst sitplak ynnommen hat, lykas op skoalle of yn de skouboarch. In learaar dy’t foar de klas stiet, hoecht ek net in doekje foar de mûle te hawwen. Dat jildt ek foar akteurs op it toaniel. Bern oant en mei tolve jier en minsken dy’t om medyske reden net in kapke drage kinne, binne frijsteld fan de ferplichting.

De ferplichting is opnommen yn de ministeriële Regeling aanvullende mondkapjesverplichting covid-19. Dy befettet oanpassings fan de Tijdelijke regeling maatregelen covid-19. De ynformaasje is net maklik te finen as jo net witte wat jo sykje moatte. Der is út te heljen dat in mûlkapke in net-medysk ding is dat makke is om de mûle en de noastergatten folslein te bedekken (“volledig te bedekken”). Wat volledig en bedekken krekt ynhâldt, is net útlein. Van Dale jout twa definysjes fan bedekken:

1. iets over, op iets anders leggen, hangen enz., waardoor dit min of meer onzichtbaar wordt;
2. verbergen.

Mei dy definysjes soe alles wat trochsichtich is, net in mûlkapke wêze, mar alles wat makket dat mûle en noastergatten oan it each ûntlûkt wol.

De ynformaasje op ferskate oerheidswebsteeën dat in keunststoffen spatskerm foar de wet net in mûlkapke wêze soe, is net yn de offisjele regeling te finen.

Klik hjir foar de Regeling aanvullende mondkapjesverplichting covid-19.

Klik hjir foar de Tijdelijke regeling maatregelen covid-19.

novimber 30, 2020 16:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.