Mear ljocht op diskusje sosjale omstannichheden turfgravers

novimber 17, 2020 08:57

As it oer ferfeaning giet tinkt men al gau oan earmoede, plaggehutten, ferpaupering en drankmisbrûk. By in feanbaas sjocht men in ynklauwer foar jin, dy’t troch ferplichte winkelnearing it lean fan de arbeiders weromfertsjinne. Sokke situaasjes hawwe der yndied west, mar wiene se karakteristyk foar de deistige werklikheid fan de turfwinning dy’t iuwen yn ús lân in belangrike bedriuwstûke wie?

Reitze Jonkman socht it út troch de boekhâlding fan Alle Wytzes van der Sluis, yn de njoggentjinde iuw sa’n tritich jier in belangryk feanbaas yn Appelskea, út te plúzjen en skreau der in boek oer: Eene quaestie van vraag en aanbod. Veenbaas Alle Wytzes en zijn arbeiders in Appelscha. Yn in ‘Quote 30’ komme ûnbekend bleaune turfgravers út de anonimiteit.

Jonkman bringt mei sifermateriaal gegevens oan it ljocht dy’t de diskusje oer de sosjale omstannichheden fan dy tiid ferhelderje kin. Oan ’e hân fan deiboeken wurdt de útkynde wurkwize fan de famylje Van der Sluis dúdlik. Persoanlike tsjûgenissen fan de feanbaas en twa fan syn arbeiders jouwe in byld fan de sosjale omstannichheden. Al mei al in oantreklike kombinaasje fan ekonomyske, sosjale, regionale en famyljeskiednis.

Reitze Jonkman (Wijnjeterp 1950) wurke as learaar wiskunde en konrektor oan it Drachtster Lyceum. Syn belangstelling foar famylje- en regionale skiednis en in sifermjittige oanpak dreauwen him om dit boek te skriuwen.

Boekgegevens
Reitze Jonkman Eene quaestie van vraag en aanbod
ISBN 978 90 5615 682 4 | hurdkaft | 140 pagina’s | yllustrearre | € 19,50

Te krijen by de boekhannel en fia www.noordboek.nl

Foar wa’t nijsgjirrich is, is der in koarte film https://youtu.be/CfcCAHOVC50 en in langere: https://youtu.be/VeKAiUnrtWw

novimber 17, 2020 08:57
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Hedzer Bijlstra novimber 18, 12:21

    Ik fien t hearjen waerdeloas te ientonig en te rap en net goed ferstean Bietsje langsamer kin ist goed, gr Hedzer

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.