Mear Frysk op Noard-Fryske skoallen

novimber 25, 2020 10:59

Tomke yn it Noard-Frysk

It regear fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein wol dat de meartaligens folle sichtberder wurdt. Yn de dielsteat wurde Heechdútsk, Nederdútsk, Deensk, Jutsk en Romanes praat. Fierders wurdt yn de provinsje Noard-Fryslân en op it eilân Helgolân Noard-Frysk praat.

Ferline wike hat it dielsteatregear in nij taalbelied presintearre. It doel is dat yn de media en yn it ûnderwiis folle mear dien wurdt om safolle mooglik minsken mei dy talen yn oanrekking te bringen. Oant no ta wie it doel fan it taalbelied benammen om it learen fan dy talen mooglik te meitsjen. Minister-presidint Daniel Günther seit: “De klam leit tenei op it ûnderwiis, de media en op de mearwearde. Dêrtroch ferskoot de fokus fan taallearen nei taalpromoasje en sichtberens fan ‘e talen. It Deensk, Frysk, Romanes en Nederdútsk hearre by Sleeswyk-Holstein en meitsje ús dielsteat sa bysûnder.”

In wichtich doel fan it nije belied is om trochgeande learlinen foar de regionale talen op te setten. Dat betsjut dat learlingen fan ‘e beukerskoalle oan ‘e universiteit ta les krije yn dy talen, sûnder wer by nul begjinne te moatten. Op it stuit dogge alve van de 46 basisskoallen yn Noard-Fryslân wat mei it Noard-Frysk. Yn it fuortset ûnderwiis binne mar twa skoallen dy’t Noard-Frysk jouwe.

Ien fan ‘e nije maatregels is it stimulearjen fan skoallen om modelskoalle te wurden. Der binne al modelskoallen foar it Nederdútsk, dêr’t dy taal ekstra omtinken kriget. Doel is om dy skoallen fierder út te wreidzjen en om skoallen oan te fiterjen om modelskoalle foar it Frysk of Deensk te wurden. De modelskoallen kinne fergees learmateriaal fan ‘e oerheid krije foar de talen dy’t sintraal steane en de oerheid betellet neiskoalling en it oerlis tusken dosinten. Om genôch leararen Frysk te krijen hat de universiteit yn Flensburch yn oerlis mei de oerheid trije manieren betocht om neist in oare learare-oplieding mei beheinde ekstra muoite ek in diploma foar Frysk te heljen.

Om sels ek meartaliger wurde te kinnen wol de oerheid dat by it oannimmen fan nije amtners tenei mear sjoen wurdt nei kennis fan ien fan ‘e regionale talen. Sprekkers fan it Deensk, Frysk of Romanes soene foarrang krije op ientalige kandidaten. Fierders moat de regionale omrop NDR tenei faker it Frysk en Deensk brûke.

It beliedsplan fan Sleeswyk-Holstein stiet hjir: link.

novimber 25, 2020 10:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

47 Shares
Share47
Pin
Tweet
Share