Machtsoerdracht fan Trump oan Biden kin úteinsette
Resint ferskynd
De machtsoerdracht oan de ferkeazen presidint Joe Biden kin offisjeel úteinsette. Dat skriuwt it haad fan de Amerikaanske oerheidstsjinst General Services Administration yn in brief.

Foto: Wikipedia/Nishkid64 (publyk domein)
Presidint Trump hat ek offisjeel grien ljocht jûn, berjochtet er op Twitter. “Der moat dien wurde wat nedich is.” Hy hat syn tiim opdroegen mei te wurkjen oan de machtsoerdracht oan Joe Biden. Underwilens seit er “troch te gean mei fjochtsjen foar syn ferkiezingsoerwinning”. De rjochtsaken gean troch.
Mei de tasizzing fan Trump en de GSA kriget Biden tagong ta oerheidsynstânsjes en komt der oerheidsjild foar him beskikber. Sa kin er begjinne mei it ynfoljen fan sa’n 4000 fakatueren en mei it útwurkjen en koördinearjen fan syn plannen. Op 20 jannewaris is de ynauguraasje en set Biden him yn it Wite Hûs nei wenjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje