Leauwe en libben

novimber 15, 2020 07:00

Oertinking

“Der stiet beskreaun yn ’e profeten: ‘En se sille allegearre fan God sels ûnderwiis krije!’ Elk dy’t harket nei wat Myn Heit him leart, komt by My. Net, dat ien Myn Heit oait sjoen hat, inkeld hy dy’t by Myn Heit weikomt, dy hat Myn Heit sjoen. Wiswier, wiswier, Ik sis jimme: dy’t leaut, hat ivich libben.” Johannes 6,45-47.

Men wol it boadskip fan Jezus oannimlik meitsje:
men wol fan God en Kristus prate,
en tagelyk bewize
dat sok praat net leech en hol is,
dat it oanslút by wat minsken winskje of tinke
en dat it antwurdet op wat minsken freegje.
Mar sa is it net.

Wa soe deroan tinke om God te sykjen
yn de ien of oare Joadske man
dy’t sa’n twatûzen jier ferlyn
yn Palestina omreizge?
Wa, sels yn syn dagen,
soe yn dat mantsje
de âlde en machtige God
fan Abraham,
fan Mozes
en fan David
socht hawwe?

As Jezus seit
dat nimmen by Him komt
as de Heit sels jin der net hinne laat,
dan bedoelt Er te sizzen
dat it in wûnder is,
in net te ferklearjen merakel,
as immen dizze Man fan Nazaret
net wer kwyt wurde kin.

Kristus leit beslach op jin,
mar der is gjin inkelde wize
wêrop’t men dat ferklearje,
bewize
of oannimlik meitsje kin,
útsein troch it leauwe.

En leauwen
is sokssawat
as de wissichheid
dat der gjin oar libben,
gjin oare wierheid
en gjin oare wei is
as dizze Jezus Kristus;
en dat soks wier bliuwt
ek al moat dat it libben kostje.

ds. Pieter Miedema

Oernommen út Us dagen binne yn Syn hannen, De Tille 1977

 

novimber 15, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.