Lange koartproazajûn yn De Bogt fen Guné fan ’e baan

novimber 5, 2020 08:47

Foto: Geart Tigchelaar

Begjin dit jier hat Frysk literêr tydskrift Ensafh de minsken oproppen om tige koarte ferhalen fan op syn heechst 250 wurden yn te stjoeren. Soks om’t de redaksje fan betinken wie dat der yn ’e Fryske literatuer mear omtinken foar proaza komme moat.

Ut de 39 ynstjoerings hat de sjuery, besteande út Nyk de Vries, Gerbrich de Jong en Anne Feddema, fjirtjin winnende ferhalen útkeazen. De sân alderbêsten soene sawol op 27 novimber yn De Bogt fen Guné te Frjentsjer foardroegen wurde as yn it sechsde nûmer fan Ensafh ferskine. De oare sân soene allinnich foardroegen wurde.

No’t fanwegen de koroanamaatregels de Lange koartproazajûn net trochgean kin, hat de redaksje besletten om alle fjirtjin ferhalen yn it lêste Ensafh-nûmer fan dit jier ôf te printsjen. It hat kâns dat der, nei’t koroana it lân út is, socht wurdt nei in nije datum om dochs noch de koarte ferhalen it poadium te bieden dat se fertsjinje.

novimber 5, 2020 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.