Lânboumuseum ferbredet aktiviteiten

novimber 14, 2020 08:51 Fernijd

It Frysk Lânboumuseum wol in stevigere rol yn it maatskiplik debat oer lânbou en plattelânsûntwikkeling hawwe. It wol net allinne eksposysjes biede, mar ek petearen en lêzingen fasilitearje. Mei dy stap reagearret it museumbestjoer op de fuortfallen provinsjale subsydzje foar de kommende fjouwer jier. Troch in gruttere rol te pakken, hopet it museum noch in foarm fan finansiering krije te kinnen.

It Frysk Lânboumuseum (boarne: Provinsje Fryslân)

De útwreiding fan aktiviteiten achtet it museumbestjoer fan belang om ek yn de takomst in rol fan betsjutting te hâlden. It bestjoer slút dermei oan op de advizen dy’t de provinsjale advyskommisje foar musea meijoech. De provinsje Fryslân jout it museum foar 2021 noch ienris in subsydzje fan € 200.000,-. Dêrmei kriget it de gelegenheid om it plan it kommende jier fierder út te wurkjen of oars saken ôf te bouwen.

Ofrûne simmer stelde de provinsje fêst hokker kulturele organisaasjes de kommende fjouwer jier in subsydzje krije. Dêrfoar hat it provinsjebestjoer advys oan in eksterne advyskommisje frege. It Frysk Lânboumuseum foel bûten de boat. It kolleezje fan Deputearre Steaten fynt it lykwols fan belang om te ûndersiken oft it museum foar Fryslân beholden bliuwe kin. It kolleezje jout it museum dêrom noch in kâns om de advizen fan de kommisje te ferwurkjen.

De advyskommisje rette it museum oan dat him mear yn it maatskiplik debat oer lânbou te mingen. It krige ek it advys om oan ’e slach te gean mei it plattelânsferhaal fan Fryslân. It museum soe omtinken jaan moatte oan alles wat der op it plattelân spilet, fan agraryske ûntjouwingen oant befolkingskrimp en sosjale fraachstikken.

Mids takomme jier beslút de provinsje of der middels beskikber binne foar it nije plan.

novimber 14, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.