KoroanaMelder ek yn it Frysk
Resint ferskynd

foto: pixabay.com
De app CoronaMelder fan it Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (FWS) is fan dizze wike ôf ek beskikber yn it Frysk. It ministearje fan FWS ûntwikkele de koroanamelder as help by de bestriding fan it koroanafirus. De app wurket yn it Frysk op hast alle Android tastellen. Op in iPhone is de app spitich genôch net yn it Frysk beskikber.
In protte Friezen fine in Fryske ferzje wichtich. Deputearre Sietske Poepjes foar de Fryske taal en kultuer: “It Frysk is in offisjele Rykstaal. Dat wichtige ynformaasje by it bestriden fan COVID-19 dan ek net allinne yn it Nederlânsk, mar ek yn de taal fan it hert fan in grut diel fan de Friezen beskikber is, dêr bin ik fansels tige wiis mei. As it mooglik is, fertsjinnet ús Fryske taal in fanselssprekkend plak by alle wichtige kommunikaasje fan it Ryk, lykas hjir.”
Dat it Frysk neist it Nederlânsk in offisjele taal yn Nederlân is, is fêstlein yn de Wet Gebrûk Fryske Taal (2014). De provinsje hat him mei het ministearje fan Ynlânske Saken en FWS ynset foar de Fryske ferzje fan de CoronaMelder. Eksperts fan binnen en bûten de oerheid wurken deroan mei. Saneamde tech-community’s leveren op frijwillige basis in bydrage. Frijwilligers diene hûnderten ferbettersuggestjes foar de oersettingen. De app is no yn alve talen beskikber.
Mear ynformaasje oer de app (yn it Frysk) is te finen op www.coronamelder.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje