Koade read: fjouwer Frysksinnige toppers op ’e wip

novimber 23, 2020 16:36

Skôging troch Abe de Vries

Net elk hat it al yn ’t snotsje, mar de kommende twa, trije jier komt it derop oan wat de Frysktalige kultuer oanbelanget. Leafst fjouwer kaaiposysjes yn de Fryske kulturele ynfrastruktuer moatte in nije ynfolling krije.

De Fryske Akademy siket in nije direkteur; dêr hat al in petysje oer west, om nei ynterim Willem Smink dochs foaral immen foar fêst te beneamen dy’t bekend is mei de provinsje en in freon fan it Frysk is. It Histoarysk Sintrum Ljouwert wuift aansen in kear Tamminga-kenner Geart de Vries út. By Tresoar hat tûzenpoat Bert Looper noch mar in jier as trije te gean. En yn Grins hâldt prof. dr. Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal- en letterkunde, der oer in pear jier mei op.

It kin net genôch beklamme wurde hoe wichtich oft it foar de Fryske minderheidstaal is om op dy plakken minsken te hawwen mei each foar it Frysk. Minsken dy’t, sûnder dat je in jier lang fersiken en amtlike stikken ynleverje moatte, daliks it belang sjogge fan inisjativen om de boel oan ’e praat te hâlden. Dy’t witte wêr’t je it oer hawwe, as je oer Waling Dykstra begjinne. Of oer Trinus Riemersma. Dy’t út harsels begripe dat it Frysk de moaiste taal fan ’e wrâld is. Dy’t inisjativen ‘fan ûnderen op’ stypje om’t se har mei-ferantwurdlik fiele – net om’t ien of oar reglemint seit dat it moat.

It kin ek net genôch beklamme wurde hoe faai oft dy kaaiposysjes stean. Foar ‘affirmative action’ foar it Frysk skrillet de beneamende (semy-)oerheid ommers spitigernôch en folslein ûnterjochte faak tebek. En wy witte ek dat it oanbod fan snút-, siel- en taalleaze managers noait te lyts is. Hjir leit net inkeld in taak foar de deputearre fan Kultuer, Sietske Poepjes, om de kommende beneamingen goed yn ’e gaten te hâlden. It sil ek op de partijen yn Provinsjale Steaten oankomme om sjen te litten dat der mear op it spul stiet as in pear titels foar in pear nammen.

Nim de Ryksuniversiteit Grins en syn stúdzje Minorities & multilingualism. Dêr giet Jensma oer, en by syn takepakket heart ek de learstoel Fryske taal- en letterkunde. Mar hoelang bestiet dy learstoel noch? It is in publyk geheim dat de fakulteits- en universiteitslieding op it stik fan it hanthavenjen fan dy learstoel net foarop rint. As Jensma aansens mei pensjoen moat, hoe komt it dan mei dy learstoel? It gefaar is libbensgrut dat dy dan opheft wurdt, wêrmei’t de wittenskiplike basis ûnder de frisistyk in klap kriget dêr’t de earen fan sûzje.

Of nim Tresoar. Under Bert Looper hat Tresoar him ûntjûn, net inkeld ta in moderne biblioteek en argyf, mar ta in belangrike stimulearjende en stypjende faktor yn de Frysktalige kultuer. Ik meitsje my sterk dat dy rol ek dêr mei ôfhinget fan wa’t oan it stjoer sit. En men hoecht gjin kulturele hypogonder te wêzen om ek op dit stik freze te hawwen foar de takomst.

By alle grutte problemen dy’t noch op ús ôfkomme, of dy’t dat al dien hawwe – Covid-19, de mussolinisearring fan Amearika, al dat skoandere karbid dat nei de Rânestêd ferdwynt – is de beneaming fan fjouwer minsken yn Ljouwert en Grins fansels peanuts. Jawis. Mar foar de lytse Frysktalige kultuer is it folle mear. It is koade read: derop of derûnder.

novimber 23, 2020 16:36
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Jabik novimber 23, 16:51

    Each foar it Frysk, noch leaver: hert foar it Frysk.

  2. Joute De Graaf novimber 23, 19:11

    Aant Mulder hat hjiroer yn de Ljouwerter ek al ris in stik oer skreaun. Syn punt wie dat we hjir yn Fryslân oppasse moatte dat we op de posysje fan Smink net in meiiprater út de Roanestêd krije dy’t dogt wat polityk winslik is

  3. Cor Jousma novimber 24, 17:38

    Wichtich stik. Nuver genôch tink ik dat ik dy funksjes by Tresoar en yn Grins it wichtichst fyn.

    De Fryske Akademy mei fan my wol wat lytser. De âlde kleasters binne no wolris bekend. It Grutte Fryslân dreame mar in pear mear fan. En feroarings yn ‘e stavering sitte de measten fan ús net op te wachtsjen.

    Fansels sil de taalkant yn oarder bliuwe moatte, mar wurdboeken binne (digitaal) ridlik gau oan te passen. Dat de akadeemje kin nei myn idee wol in stik lytser. Fansels kinne jo foar it taalûndersyk yn ‘e hiel breedte net sûnder wittenskippers en in lyts taalburo.

    Boppedat soe ik neist in wittenskipsdirekteur graach in boekhâld(st)er sjen mei foar de finânsjes it fetorjocht. Dan rint de saak net wer út it spoar…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.