Josse de Haan ferstoarn

novimber 2, 2020 23:13

Skriuwer Josse de Haan is op sneon yn it sikehûs fan Bayonne ferstoarn. Dat is moandeitejûn bekend wurden. De produktive en alsidige skriuwer krige yn 2007 de Gysbert Japicxpriis foar syn roman Piksjitten op Snyp. Hy is 79 jier wurden.

Josse de Haan waard berne yn 1941 yn Peins. Hy folge de ûnderwizersoplieding oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Fan 1962 oant 1971 wie er haad fan de iepenbiere ienmansskoalle te Hjerbeam, dy’t yn 1967 in twamansskoalle waard, doe’t (skriuwer) Trinus Riemersma yn 1970 syn direkte kollega waard. Yn 1971 krige er in beneaming as learaar Nederlânsk oan in skoalle yn Schagen (Noard-Hollân). Njonken syn wurk studearre er MO-Nederlânsk yn Amsterdam.

Yn 1988 sei er it ûnderwiis farwol en wijde er him alhiel oan it skriuwen. Josse de Haan fêstige him yn 1999 yn it Súd-Frânske grinsplak Hendaye. Dêr wenne er mei de Spaansk-Baskyske skriuwster Maite Gonzalez Esnal.

Operaesje Fers

De Haan wie ien fan de oprjochters en earste redaksjeleden fan Operaesje Fers (1968). Hy wie in skoft redakteur fan de literêre tydskriften Quatrebras en Trotwaer. Yn 1990 rjochte er syn eigen ienmanstydskrift op iP²r90-Rendez Vous, dat fjouwer jier bestie. Yn 2003 rjochte er mei Trinus Riemersma en dy syn frou Dineke Bos útjouwerij Venus op.

Produktyf

De Haan hie in hege produksje en wie ek alsidich. Neist gedichten, romans, in berneboek en toaniel skreau er ek essays, kritiken, polemiken. Hy hat altyd yn it Frysk en yn it Nederlânsk dichte. Yn syn proaza brûkte er foaral it Frysk as earste taal. Hy wie waarm pleitbesoarger foar literêre fernijing. Neffens him moast in skriuwer taboes trochbrekke en fêste gewoanten en tradysjes yn de kiif stelle.

Yn 2020 brocht er de roman Passys út, in ‘autofiksjonele’ roman oer in libben yn leafde en literatuer. Ferdield oer seis dielen mei mear as sânhûndert siden krijt de lêzer sa in byld fan in skriuwerslibben yn tsjinst fan ‘e literatuer.

Gysbert Japicxpriis

Foar de mânske roman Piksjitten op Snyp (ferskynd yn 1999) krige er yn 2007 de Gysbert Japicxpriis. Dy priis wie net inkeld foar dy roman, mar foar syn wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer en syn krewearjen foar de ‘oare literatuer’ as essayist en as útjouwer. Yn 2001 ferskynde de Nederlânske oersetting fan de roman (Kikkerjaren) troch Harmen Wind.

Tekst: Omrop Fryslân

novimber 2, 2020 23:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.