‘Johan Cruijff’, it masterstik fan keunstner Hans Jouta

novimber 20, 2020 08:51

“Eins hat alles fan myn beukerskoalletiid ôf yn it teken stien fan it ynheljen fan dizze opdracht. Dat klinkt wat arrogant, mar sa kinst it wol sizze.” In Fryslân DOK oer de brûnzen Johan Cruijff fan keunstner Hans Jouta.

Hans Jouta en syn famylje by it stânbyld (foto: Omrop Fryslân)

Ein 2018 kriget keunstner Hans Jouta út Ferwert de opdracht om in stânbyld fan Johan Cruijff te meitsjen. Earder makke er al brûnzen bylden fan skriuwster Nynke fan Hichtum (Afkes Tiental), keatsfenomeen Hotze Schuil en Bob Haarms, assistint-trainer by Ajax.

Diskear moat Hans it sûnder syn heit Sytse dwaan. Heit hat him alles leard. Dat it libben boartsjen is, in spul dat jo sa goed mooglik en mei in soad wille spylje moatte. Mar heit is demintearjend en de opdracht falt Hans swier. Boartsjen wurdt net folle. De druk fan wat syn grutte masterstik wurde moat, hâldt him nachten út de sliep. En as de twivel oer syn eigen kinnen him yn in fêste greep kriget, wurdt de lêst hast ûndraachlik.

Jouta en Cruijff (foto: Omrop Fryslân)

Yn de Fryslân DOK ‘It Masterstik’ folget dokumintêremakker Albert Jensma de keunstner oardel jier lang by it meitsjen fan it byld, oant en mei de ûntbleating foar de Johan Cruijff Arena. De foto fan de famylje foar it byld stiet foar it dielen fan leaf, leed en grutte emoasjes om dit wurk meitsje te kinnen. Op de oare foto stiet Hans Jouta each yn each mei de brûnzen Johan Cruijff.

Fryslân DOK ‘It Masterstik’
Sneon 21 novimber, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 22 novimber 13.10 oere)
Snein 22 novimber, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

novimber 20, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.