Joe Biden (77) nije presidint Feriene Steaten

novimber 8, 2020 10:23

Joe Biden (foto: Wikipedia/David Lienemann – pubyk domein)

Joe Biden joech ôfrûne nacht syn oerwinningstaspraak, dêr’t er yn ûnthjitte om it lân te ferbinen yn plak fan te ferdielen. Hy ferwiisde nei de kleuren fan de Demokraten en Republikeinen en sei: “Ik bin der net foar de blauwe of reade steaten, mar foar de Feriene Steaten.”

Jared Kushner, skoansoan en adviseur fan presidint Trump, hat tsjin syn skoanheit sein dat er de ferkiezingsnederlaach erkenne moat. It is net dúdlik oft der wat ôfpraat is. De Amerikaanske presidint leit him net by it ferlies del, want neffens him is der op grutte skaal fraudearre. Hy hat oankundige ferskate rjochtsaken fiere te sillen. Der binne lykwols gjin oanwizing fan grutskalige stimbusfraude.

Kamala Harris is de earste frou en de earste persoan fan kleur dy’t fisepresidint wurdt yn de Feriene Steaten. “Ik mei dan de earste froulike fisepresidint wêze, mar ik bin perfoarst net de lêste”, sei se ôfrûne nacht yn har oerwinningstaspraak.

novimber 8, 2020 10:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.