Jan Willem Zwart: Kulturele siel

novimber 14, 2020 20:00

Kollum

Wa’t it regionale nijs sawat folget, wit dat der fan alles yn ús provinsje bart. Der wurde lintsjes útrikt, der binne minsken dy’t in diamanten houlik belibje meie, der wurde hiel wat bioferskate inisjativen nommen en riedsleden binne dwaande mei it meitsjen fan in kar. Tusken dat goede nijs troch wurdt der flink besunige. Opfallend is dat ek no wer de kulturele sektor as earste oan bod is.

Yn de krantsjes fan noardeastlik Fryslân lês ik dat de muzykskoalle te djoer is, dat der te folle subsydzjes nei it jongereinwurk geane en ek dat der te folle jild nei de museäle wrâld giet. It is in tiid fan ‘neat foar de kulturele sektor’. Rjochtse politisy sizze dat it dien is mei linkse hobbys! Musea binne ticht en al dy frijwilligers dy’t der gewoanwei deistich mei oan ’e gong binne, sitte no thús, dogge wat oars en tinke miskien wol net iens mear oan frijwilligerswurk foar de takomst. Troch it thússitten fan frijwilligers binne musea ek folle minder yn byld. Der binne gjin aktiviteiten mear en it is gewoan stil! Dat der just no oer besunigingen praat wurdt docht dizze wichtige sektor neffens my tekoart.

Ommers, musea yn Fryslân binne fan grut belang om it ferhaal fan Fryslân te fertellen. Om ús ferhaal oan oaren oer te bringen en dat op in leechdrompelige wize te dwaan. Oan ús bern, mar ek oan al dy besikers dy’t hjirhinne komme. Just de lytse musea hawwe o safolle te fertellen. Bygelyks it Museum yn Kollum, dêr’t it ferhaal fan it Kollumer oproer ferteld wurdt of it bysûndere museum yn Burdaard, dêr’t Ruerd Wiersma syn hûs it ferhaal fan himsels en syn naïve keunst fertelt. Mar ek it Frysk Lânboumuseum oer de meganisaasje yn Fryslân. Of de ferhalen oer de Fryske adel yn de staten en stinzen, of just de earmoede fan de Spitkeet yn ’e Harkema.

Kultuer is o sa wichtich foar ús ferhaal. It ferhaal dat wy allegearre wol fertelle kinne, mar it ferhaal dat wy ek maklik kwytreitsje kinne. Kwytreitsje troch besunigingen, of gewoan om kultuer te ferjitten of ûndergeskikt te meitsjen oan oare saken. It is wol ús erfgoed, dêr’t wy grutsk op binne. Litte wy dat samar barre? Is it dan in linkse hobby? Nee, it is de siel fan ús erfgoed dêr’t wy neffens my mei-inoar op passe moatte. Mei-inoar moatte wy de siel fan it Fryske erfgoed fêsthâlde en sa gau as it wer kin, moatte wy ús eigen oantinzen ophelje, hjirre, yn ús eigen regio. Om de siel deryn te hâlden en om de siel fan ús erfgoed foar de takomst te bewarjen. In takomst dy’t wat kostet, mar ek wat kostje mei. In takomst dêr’t ús identiteit net yn ferlern gean mei.

Foto: Jan Willem Zwart, by de ûntbleating fan it stânbyld Viglius fan Aytta foar de Kânselarij yn Ljouwert. Hiel kultureel Fryslan wie der.
novimber 14, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.