Jaap Veenstra ferstoarn

novimber 2, 2020 16:21

Foto: pixabay.com

Dichter Jaap Veenstra is ferstoarn. Veenstra debutearre yn 1986 mei de Frysktalige bondel De nacht midstwa. Yn 2016 kaam by Bornmeer syn twadde bondel út, noch in twataligen ien, Gatten yn it tek / Gaten in het dak. De ôfrûne jierren publisearre literêr ynternettydskrift Fers2 in pear gedichten fan Veenstra.

Jaap Veenstra is 61 jier wurden. Op Fers2 hawwe Friduwih Riemersma en Abe de Vries in yn memoriam skreaun. Dat is hjir te lêzen.

novimber 2, 2020 16:21
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Frans novimber 3, 18:06

    Hjir bin ik kjel fan. Jaap wie – yn it ferline – myn kollega oan de CHN, letter Stenden en noch letter NHL Stenden. 
    Stil as it oer of om himsels gie, mar iepen as it om dichtsjen gie. 

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.