It Ryk is alles

novimber 8, 2020 07:00 Fernijd

Oertinking

‘It is mei it himelske Ryk as mei in skat dy’t yn in stik lân ferburgen lei. De man dy’t him fûn, bedobbe him wer. Hy wie der tige mei op ’t snjit, ferkocht earst alles wat er hie, en doe kocht er dat stik lân.
It is mei it himelske Ryk ek as mei in keapman dy’t op syk wie nei moaie pearels. Doe’t er in hiele kostbere pearel fûn hie gong er nei hûs, ferkocht alles wat er hie, en kocht doe dy pearel.’ (Matteüs 13,44-46)

As Jezus fan it Keninkryk fan ’e himel of fan God praat, binne we der eins altyd mei oan. Wy meie graach bidde: ‘Lit jo Keninkryk komme’, mar wy miene ornaris dat it fuortdaliks hjir noch mar net wêze moat. Yn Jezus syn lessen – likenissen – is it alles, by ús is it in hol lûd.

foto pixabay.com

It falt dêrom ek wat ôf om de lessen te ferstean. Dy man en dy keapman diene alles oan ’e kant om dat Ryk, dy skat of dy pearel, keapje te kinnen. Jezus sei op in oar plak tsjin sa’n ryk jongkeardel: “Ferkeapje alles watst hast.”
As dat sa is, as it Ryk te keap is, mar álles kostet wat wy hawwe hawwe, dan is dat winliken oan ’e djoere kant en moat de keap foarearst mar oergean. Wy hawwe dan leaver earst nocht en wille fan it eigen ryk. As dat te’n ein rint, by it âlder wurden, dat prate wy wolris wer.

Dêr leit ús fersin. Omdat it Ryk fan God – dat Ryk fan libben, frede, freugde en gerjochtichheid – sels de kristenminsken yn it algemien te djoer is, bliuwe we mei in wrâld sitten dy’t net wit fan libben, frede, freugde en gerjochtheid. Mei dy wrâld, dy’t de tsjerken en de folken bewuolle hat yn syn fernielende klauwen – mei de wrâld dêr’t fertriet, dea en pine master binne.
It leit net oan dy wrâld, mar oan ús, dy’t de priis net betelje wolle.

ds. Pieter Miedema

Oernommen út Us dagen binne yn Syn hannen, De Tille 1977
novimber 8, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.