It Fryske feangreidegebiet yn 2050: gjin probleemgebiet, mar gidsregio foar plattelânsfernijing

novimber 6, 2020 12:35

De opjeften dy’t de kommende desennia op it Fryske feangreidegebiet, de Feangreide, ôfkomme binne grut en urgint en der is net oan te ûntkommen. Der is gjin oare kar as iepen te stean foar grutte feroaringen. In yngripende ferheging fan de grûnwetterstân heart dêr yn alle gefal by. Mar, mei it juster publisearre ynspiraasjemagazine Feangreide 2050 lit it Ynspiraasjeteam Takomst Feangreide (ITV) – dat bestiet út ryksboumaster Floris Alkemade, politikolooch Joris Lohman, geolooch Gilles Erkens en bankier Albert van Zadelhoff – sjen dat dy feroaringen krekt lykop gean kinne mei in geweldige kwaliteitsferbettering. Yn de publikaasje wurdt oan ’e hân fan trije ynspiraasjekonsepten sketst hoe’t in Feangreide mei folle heger grûnwetter sels in lanlike gidsregio wurde kin foar plattelânsfernijing.

Feangreidegebiet by Parregea (foto: Wikipedia/publyk domein)

Earjuster presintearren de provinsje, Wetterskip Fryslân en acht gemeenten it ûntwerp fan it Feangreideprogramma. Dêr beskriuwe de oerheden yn hoe’t se yn de kommende tsien jier omgean wolle mei de útdagingen dêr’t de Feangreide de kommende jierren mei te meitsjen kriget. It ûnôfhinklik ITV ferleit de hoarizon nei 2050 en presintearret trije ynspiraasjekonsepten, dêr’t it de diskusje oer de takomst fan de Feangreide mei besiket op gong te bringen en boppe de polityk en de waan fan de dei útkomme te litten.

Trije ynspiraasjekonsepten
It earste konsept “Feangreide©, in merk om fan te hâlden” beskriuwt hoe’t de regio yn 2050 kâns sjoen hat om de unike karakteristiken fan it gebiet om te setten yn in sterk merk. It ambisjeuze plak jaan fan de Feangreide as ien grut lânskipspark fan ynternasjonale alluere joech dêr de needsaaklike oanset ta.
Yn it twadde konsept “gêrsekonomy” stiet de ferbreding fan it fertsjinmodel sintraal. Boeren yn 2050 folje harren ynkommen út molke op ferskillende wizen oan, mei bygelyks ynkomsten út CO2-capture, enerzjyproduksje, toerisme en betelle swietwettertsjinsten.
It tredde ynspiraasjekonsept, as lêste, foeget oan de ferbreding it elemint fan gearwurking ta. Dy bestiet yn 2050 út in saneamd “Feangreidegea”; in regiospesifyk model foar koöperative gearwurking op de skaal fan it gebiet sels, sa’t fanâlds op doarpsnivo gearwurke waard.

Presintaasje en dialooch
Woansdeitejûn 25 novimber hâldt it ITV in online dialoochsesje om syn takomstperspektyf op de Feangreide ta te ljochtsjen en dêroer yn petear te gean. Dy jûn is it startpunt fan in dialooch mei boargers, boeren en oare belutsenen dy’t de kommende moannen yn it gebiet holden wurdt. Elkenien is wolkom. Sjoch foar mear ynformaasje en it downloaden fan de publikaasje www.veenweidefryslan.frl/itv.

Eftergrûn ITV
It ITV is in team fan ûnôfhinklike saakkundigen dat begjin 2020 troch Deputearre Steaten fan Fryslân foarme is. Dat slút oan by it bestjoersakkoart fan de provinsje, dêr’t yn stiet dat der in taakgroep feangreide oprjochte wurdt. Dat is útgroeid nei it ûnôfhinklike ynspiraasjeteam. Ut harren ferskillende eftergrûnen wei tinke de leden fan it ITV mei oer de prinsipen dy’t oan de basis lizze fan in takomstbestindich brûken fan lân yn de Feangreide. It ITV wol dêr in ynspirearjende en reflektearjende rol by spylje. De teamleden leverje harren bydrage op persoanlike titel.

novimber 6, 2020 12:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.