It ferskil tusken Mohammedcartoons en Swarte Pyt

novimber 15, 2020 20:46

Skôging

Suver de folsleine Keamer ferdigene ôfrûne wike de frijheid om moslims te misledigjen. In pear dagen letter arrivearre Sinteklaas sûnder Swarte Piten, om kleurde Nederlanners net foar de holle te stjitten. Hoe konsekwint is dat?

Mohammedcartoons = Frijheid fan mieningsutering

Boarne: https://en.wikipedia.org/wiki/Charlie_Hebdo#/media/File:Charliehebdo.jpg

Keamerlid Farid Azarkan fan Denk krige de hiele Twadde Keamer oer him hinne om’t er in petysje ferdigene dêr’t yn oproppen waard it misledigjen fan de profeet Mohammed strafber te stellen. Dy petysje ferskynde amper twa dagen nei’t de Frânske learaar Samuel Paty troch in moslimekstremist ûnthalze waard om it yn syn les toanen fan spotprinten mei Mohammed út it satiryske tydskrift Charlie Hebdo. Lykwols waard de petysje troch hûnderttweintichtûzen Nederlânske moslims ûndertekene. Net folle dêrfan sille der minsken om fermoardzje, mar dochs fiele dyen harren troch sa’n karikatuer fan Mohammed persoanlik bot misledige. Dy plaatsjes binne oars hielendal net op him en jim rjochte, mar op ekstremisten en se falle ûnder de frijheid fan mieningsutering, sizze de foarfjochters fan it frije wurd. Mar dy frijheid hoecht dochs net te betearen yn ûnhuere smaad, lizze de moslims dêr tsjin yn. Lju dy’t net thús binne yn it islamityske leauwen, begripe soks net, mar soene rekken hâlde moatte mei in oar syn fielings, fynt de moslimmienskip, dy’t langer aardich emansipearre rekket en him noch hieltyd net alhiel lykweardich behannele fielt. In protte kâns om harren gelyk te krijen hawwe se nei alle gedachten net, want de Mohammedcartoons lykje ynearsten feilich ûnder de frijheid fan mieningsutering beflapt en dy is te uzes in hillige tradysje. Oerheid, skoallen, media en ûnderwiisynspeksje roppe om it hurdst dat se dy ferdigenje sille. Dat dogge dyen fansels ek om’t it tenei mar net mear sjen litten fan sokke cartoons fansels noch wol sa feilich wêze soe… De moslims ha lykwols mei harren petysje it lid op ‘e noas krige, in lykweardiger behanneling is der net troch op de maatskiplike wurklist set en hja sille faaks mei skeane eagen nei de suksesfolle anty-Swarte-Pyt aksje sjen.

Swarte Pyt = rasisme

Want Swarte Pyt wurdt yn de Keamer, safier is it hinne, allinnich noch mar troch populistyske partijen ferdigene. Yn de striid tsjin dat fenomeen wie it de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet (KOZP) dy’t der al jierrenlang net foar tebekskrille om in bernefeest yn ‘e bulten te jeien. Lykwols foelen in protte Nederlanners mei in justjes donkerder hûd KOZP by en fernijden yn praatprogramma’s dat hja harren delhelle fiele troch de karikatuer dy’t fan harren makke wurdt. Mar sa is Swarte Pyt hielendal net bedoeld, akselen de Nederlanners dy’t mei it Sinteklaasfeest opgroeid binne noch tsjin. Hy liket ommers ek net iens op jim en de kleur swart giet tebek op âlde Germaanske miten en is boppedat nedich om net werkend te wurden. Lju mei in ljochte hûd hawwe gjin rjocht fan sprekken, wie de reaksje fan dy emansipearre minderheid, dy’t him allikemin hielendal lykweardich behannele fielt. Swarte Pyt is rasisme. Dat biedwurd rekke in teare snaar en tute in al hast weiwurden kalvinistysk erfsûndebesef wekker. Wylst de measte Nederlanners ôfstamme fan minsken dy’t foar in grypstehealstoer fan moarns ier oant jûns let op it lân bodden of yn de niverheid skrepten, fielden in protte harren ynienen mandélich oan de slavehannel út in lang ferflein ferline. En lutsen in streekrjochte line nei de Swarte Pyt fan hjoed-de-dei, alhoewol’t dy alhiel net op in slaaf liket.

Boarne: https://nl.wikipedia.org/wiki/Roetpiet#/media/Bestand:20191129_oude_ijsselstreek_roetveegpiet.jpg

Mei de fielings fan de kleurde Nederlanners wie der doe ynienen al konsideraasje. De Sinteklaastradysje is blykber net hillich en Swarte Pyt wurdt offere. Utjouwers, gemeenten, filmprodusinten en winkels binne op it heden alle spoaren fan him oan it útwiskjen. Ofgeand op harren iver, lykje se suver bliid dat se sa relatyf maklik in died stelle kinne. Begryplik, want it werklik regaad meitsjen yn de ûngelikense behanneling fan befolkingsgroepen is fansels folle komplekser…  It ôfweven mei de ûnderstelde karikatuer docht oars ek net folle fertuten, want de ferfangende Roetsnút en Grize Piten binne KOZP likemin noch nei it sin.

Nanne Hoekstra

novimber 15, 2020 20:46
Skriuw in reaksje

11 opmerkingen

  1. Cor Jousma novimber 16, 14:22

    Kreas útwurke stik!

  2. Oane Bijlstra novimber 18, 12:29

    Ik mis in dit opiniestuk de reacties van kinderen in de Sinterklaastijd. Feit is dat kinderen met een donkere huiskleur vaker worden gepest en uitgescholden worden in deze periode. Zij voelen zich vaak niet prettig tijdens het feest. Als oud leerkracht in het basisonderwijs heb ik daar heel vaak mee te maken gehad. Als de kleur van piet er niet meer toe doet wordt het een feest voor alle kinderen en dat lijkt me de bedoeling van een kinderfeest.

  3. Cor Jousma novimber 18, 14:40

    Miskien soe in goede útlis yn it pestprotokol op skoalle sokke bern helpe kinne. Mar ja it ûnderwiis hat it al sa drok. Sels dy by wet regele les Frysk moat wike foar in soad flauwekul…

  4. Oane Bijlstra novimber 18, 14:49

    Racisme ban je helaas niet uit met een pestprotocol.

  5. Onno Loonstra novimber 18, 15:56

    It kin somtiden ek helpe om it ris fan in oare kant te besjen: https://www.youtube.com/watch?v=F7_eFbjnxJ8

  6. Cor Jousma novimber 19, 09:36

    By bern fan de basisskoalle – dêr’t it feest foar bedoeld wie/is – hawwe wy it net oer rasisme mar oer pesten. It begryp rasisme komt troch de ynterpretaasje dy’t by guon folwoeksenen ta psychysk lijen laat.

    Yn myn trije skôgings op It Nijs haw ik oanjûn dat jo mei in betreklik lytse oanpassing – in grize feint – it mearke oanpasse kinne sûnder de Europeeske oarsprong mei in Amerikaanske kontekst te fernielen. Ut ûnderfining wit ik dat as jo psychyske lije, jo net mei de wrâld mar mei josels oan ‘e slach moatte. Dat soe KOZP ek ris besykje kinne…

  7. Oane Bijlstra novimber 19, 10:53

    Racisme gaat veel verder dan pesten. Een hele groep wordt als minderwaardig gezien. Kolonialisme en racisme liggen in elkaars verlengde. Ook antisemitisme is een vorm van racisme. Als u de geschiedenis een beetje kent dat weet u hoe Europa op een bepaald moment Afrika onderling heeft verdeeld zonder dialoog.

  8. Cor Jousma novimber 19, 11:31

    As jo myn skôgings lêzen hawwe, dan witte jo dat ik my graach mei skiednis en histoarje dwaande hâld. Dêrtroch bin ik stadichoan ferskood fan immen dy’t de feint fan Sinteklaas tocht oan te passen oan de kleuren fan de reinbôge nei immen dy’t it Amerikaanske begryp blackface net fan tapassing fynt op de sinteklazemearkes út/binnen de Europeeske mytology.

    Trumpistyske opfettings oer demokrasy soe ik ek net graach ien op ien nei Europa oersette wolle. Mar mochten jo it lêste wurd hawwe wolle, fiel jo frij…

  9. Abe novimber 19, 14:05

    Kinne wy it no op dit plak ek wer oer wichtiger saken hawwe? Wat soe it dochs sneu wêze as it ‘Fryske fielen’ him tenei beheint ta 1) sangerje oer Swarte Pyt; 2) sangerje oer it leauwe fan moslims; 3) sangerje oer karbid dat nei de Rânestêd ferdwynt. Ja, dat soe sneu wêze. Mar it liket derop dat it al safier is.

  10. Oane Bijlstra novimber 19, 17:58

    Mijn enige doel is een sinterklaasfeest waarbij alle kinderen zich prettig voelen.

  11. Ferdi novimber 19, 19:15

    Ik stel út om gjin hollansk mear ta te litten op it Fryske It Nijs: der binne al hollanske media te folle.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.