‘Ingelske sikehuzen krije faksin fan 7 desimber ôf’

novimber 28, 2020 09:51

Foto: pixabay.com

Ingelske sikehuzen hawwe te hearren krige dat se har klear meitsje moatte om binnen tsien dagen útein te setten mei faksinearjen tsjin de koroanagoarre. Dat berjochtet de Britske krante The Guardian.

De sikehuzen soene fan moandei 7 desimber ôf de earste partijen fan it Pfizer/BioNTech-faksin levere krije. Ferwachte wurdt dat it faksin binnen in deimannich goedkard wurdt foar gebrûk yn it Feriene Keninkryk.

De earsten dy’t yninte wurde, binne de soarchmeiwurkers fan it nasjonale sûnenssysteem NHS.

novimber 28, 2020 09:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.