Ingelsk gjin ferplichte fak yn Welsk basisûnderwiis

novimber 30, 2020 16:05

Ingelske taal wurdt gjin ferplichte fak yn de ûnderbou fan Welske basisskoallen. In plan fan it Welske regear om sa’n ferplichting yn te fieren, is ynlutsen.  De Welske taalbewegingsorganisaasje Cymdeithas yr Iaith is wiis mei it beslút. Hie it trochgien, dan hie it dreech west om folslein Welsktalich ûnderwiis oan te bieden. Ien op ‘e seis learlingen yn Wales giet nei ientalich Welske skoallen.

Dochs is de taalbeweging noch net tefreden. Der leit nammentlik noch hieltyd in plan om Ingelsk ta in ferplichte fak te meitsjen foar learlingen fan sân jier en âlder. Dat moat oars, is it betinken fan Cymdeithas yr Iaith. Ynstee dêrfan soe it Welsk just op alle skoallen as fiertaal brûkt wurde moatte.

novimber 30, 2020 16:05
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. liuwe van der meer desimber 2, 11:56

    Wy hawwe yn Fryslân de boat folslein mist omdat wy blykber net de politike moed hiene om te pleitsjen foar in folslein Frysktalige legere of middelbere skoalle. Sa’n skoalle soe in grutte positive ynfloed hân hawwe op de wardearring foar it Frysk en soe ek oare skoallen grif oantrune hawwe it Frysk serieus te nimmen.

    Spitigernôch is it Frysk no op de measte skoallen it suertsje by de boadskippen wurden en besiket men fergees Frysktalige bern yn mingdtalige klassen wat Fryske stavering en taaleigen by te bringen, wat troch de negative ynfloed fan’e net-frysktalige klasgenoaten yn itselde lokaal net in grut súkses wurden is.

    De polityk mei al dy saneamde Fryske pommeranten moat him winliken deaskamje dat se tefreden west hat mei ien skiterich oerke Frysk yn’e wike! En men moat al bliid wêze as it oerke ek echt jûn wurdt..

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.