In bult minske-aksje is om ’e nocht
Resint ferskynd
Oertinking
In beafeartsliet. Fan Salomo.
As de Heare it hûs net bout,
om ’e nocht wurkje de bouwers deroan;
as de Heare de stêd net hoedet,
om ’e nocht is de wachter op syn iepenst
Om ’e nocht is it,
dat jimme der ier-en-betiid ôfkomme
en let op bêd geane,
en sa it soer fertsjinne brea ite –
dy’t Er leafhat, jout Er it yn ’e sliep. (Psalm 127,1-2)
Wat hat men al in drokte. Iten en drinken moatte ree, it hûs moat skjin, de tún moat oprêden wurde. Der moat wat fertsjinne wurde, skielk komme de fakânsjes. Der moat wat op de bankrekken bliuwe en gâns wat foar de tiid fan it pensjoen. Der moat kocht wurde en ferkocht, produsearre en konsumearre, oars giet de ekonomy net goed. Der moat mear winst makke wurde en mear wapens en mear fan alles dat men daliks nei de oankeap wer opberget of fuortsmyt. Aksjes oeral, en nimmen hat der grutte fidúsje yn dat al dy aksjes it libben fan minsken en wrâld nofliker en lokkiger meitsje sille.
Sels de tsjerkelju kinne net mear stil sitte: hja binne o sa benaud dat it net yn oarder komt mei de gemeente en de kristenheid en de wrâld. Dy’t it hear oersjocht moat sizze: “Dy lêste tweintich iuwen fan minske-aksjes en tsjerke-aksjes hawwe net folle opsmiten.” Nee, dat hawwe se net. It heil, de frede, it libben, de gerjochtichheid op de ierde en it freugdefolle bestean, it komt ‘fansels’, it komt wylst wy sliepe. Dat minskeskreppen is om ’e nocht en sil hieltyd bliken dwaan dat it om ’e nocht west hat.
ds. Pieter Miedema
,,Dat minskeskreppen is om ’e nocht en sil hieltyd bliken dwaan dat it om ’e nocht west hat.” Fraachje: kinne de stichtlike wurden op ItNijs ek wat minder fûnemintalistysk?