Ierdgasfrij wenje: It Amelân koprinner yn Fryslân

novimber 22, 2020 08:53 Fernijd

It Amelân is de Fryske koprinner wat enerzjytransysje oangiet. Dêr wurdt nammentlik al op syn minst 6,9 persint fan de wenten ierdgasfrij ferwaarme. Mei krekt wat minder as tritich jier oant de einstreek fan it klimaatakkoart, is op it stuit 1,9 persint fan de Fryske wenten ierdgasfrij. Dat docht bliken út ûndersyk fan Vattenfall, dat de hjoeddeiske stân fan saken op it mêd fan de waarmtetransysje yn Nederlân yn kaart brocht.

Monteur stedsferwaarming (foto: Vattenfall)

It Amelân, Flylân en Ljouwert koprinners enerzjytransysje
Net alle gemeenten yn Fryslân binne like fier mei de oerstap fan fossile brânstoffen nei griene enerzjy. Op it mêd fan waarmtetransysje stiet It Amelân op kop, mar ek Flylân (5,9 persint) en Ljouwert (3,9 persint) hawwe relatyf mear huzen fan it gas ôf as trochsneed yn Fryslân. Dat It Amelân en Flylân sa heech skoare, komt troch it grutte oanpart waarmtepompen. Op It Amelân hat op syn minst 9,9% fan alle keapwenten in waarmtepomp.

Op Skiermûntseach moatte noch de grutste stappen set wurde om de klimaatdoelen te heljen. Dêr wurdt op syn minst 0,5 persint fan de wenten ierdgasfrij ferwaarme. De fuortgong yn alle gemeenten is hjir te lêzen.

Stedsferwaarming meast brûkte alternatyf fan ierdgas
Om de klimaatdoelen te heljen, sille hast alle huzen foar 2050 fan it ierdgas ôf moatte. Fan alle wenten wurdt yn Fryslân 0,7 persint ferwaarme troch stedsferwaarming, in duorsum alternatyf foar losse cv-tsjettels op gas dêr’t 50 oant 80 persint CO2-útstjit mei besparre wurdt. De waarmtepomp is op it stuit yn op syn minst 1,2 persint fan de huzen ynstallearre.

Oare útdaging foar stêden en plattelân
De útdaging fan de waarmtetransysje leit benammen yn it ferskaat fan it Nederlânske wente-oanbod. Hoe’t en wêr’t minsken wenje bepaalt de mooglikheden; der is dus net ien oplossing. Sa kin in waarmtenet foar nijbouwiken in útkomst wêze, mar is oansluting op it waarmtenet yn lanlike gebieten wer lestiger as yn tichtbeboude stedsgebieten en lizze yndividuele oplossings mear foar de hân. Yn ’e stêden binne ek grutte stappen nedich om de klimaatdoelstellings fan 2050 te heljen.

Arno van Gestel, kommersjeel direkteur waarmte by Vattenfall Nederlân: “Yn ’e waarmtetransysje yn de beboude omjouwing is gâns klimaatwinst te heljen troch wenten en bedriuwen ierdgasfrij te meitsjen en duorsum te ferwaarmjen. Der is in protte ferlet fan betelbere alternativen foar ierdgasfrij wenjen foar ferskate typen gebouwen en wenomjouwingen. As Vattenfall binne wy warber yn ’e waarmtetransysje: wy ynvestearje yn waarmtenetten en it ferduorsumjen derfan, wy ûntwikkelje waarmtepompen en sûnt koart biede wy ús klanten ek grien gas oan. Sa wolle wy fia ferskate rûten bydrage oan in fluggere waarmtetransysje.”

Vattenfall hat it ûndersyk útfierd om fêst te stellen hoefolle wenten oft der op it stuit duorsum ferwaarme wurde. Dêr binne ferskate boarnen by riedplachte. Sa is it tal waarmtepompen de gemeente bepaald op basis fan data fan de RVO (o/m 16 july 2020). De resintste data oer it tal wenten mei in waarmtepomp, it tal (keap)wenten, en it oanpart wenten dy’t ferwaarme wurde troch in waarmtenet, binne ôfkomstich fan it CBS.

novimber 22, 2020 08:53 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.