Hommeles

novimber 28, 2020 09:50

Skôging

De ferkiezingen komme deroan en dan falt der wat te belibjen yn polityk Nederlân. It sil hjir fuort net sa mâl gean as yn Amearika, mar it begjint der stadichoan mear op te lykjen. De politike hoantsjes kraaie om it lûdst. As dat sa trochgiet dizze winter, dan binne we de echte teäters net brek en krije wy op de telefyzje ús fermeits wol mei alle kreauwerijen. Fan ’e wike kaam Geart Dales mei in boek dêr’t er syn frustraasjes mei yn de etalaazje sette en fansels moast er syn galle nochris spuie oer al dat domme folk dat net die wat hy sei. Dat er sels as wethâlder, boargemaster, ûnderwiisbestjoerder en partijfoarsitter debet is oan alle spoaren fan fernieling, sil er net gau tajaan. Syn lêste útglider wie by 50Plus. Henk Krol stapte doe ek mar op en túgde yn in healjier tiid twa nije partijen op. Krol kin it allegearre mei in golle laits hierskerp útlizze. Der binne altyd wol guon dy’t efter “ús Henky” oan trochrinne. Miskien wolle se sels in baantsje op it plús bemachtigje.

It echte teäter brocht de rebelleklub fan Baudet c.s. Ien ding moat men harren tajaan: der sit faasje yn harren toaniel. Men kin net omsjen of der is wer in nij haadstik skreaun. It draait allegearre om Baudet. In man dy’t himsels graach sjen lit en him as in godheid oanbidde litte wol, want mei in rol as profeet is er net tefreden. Sokken rinne der mear om: Trump as grutste eksponint, om fan Erdogan mar net te sprekken. Ek Boris Johnson kin der wat fan. Der is in moannelang alle dagen in kollum mei te foljen. Dy lju roppe dat se “it lân better meitsje wolle”, mar wat hat Baudet eins bedijd? Yn de Twadde Keamer wie er faak de grutte ôfwêzige, want dat gejeuzel dêr wie “beneden mijn waardigheid”. Oan eigendunk gjin brekme.

It slimste is dat sokke egotrippers kâns sjogge om hiele folksstammen achter har te sammeljen. De fraach is al faker steld: wêr komt dat troch? Binne dy minsken sa stom dat se net sjogge dat it allegearre ta meardere eare en gloarje is fan de folksmenner? It sil der mei te krijen ha dat der in grut persintaazje Nederlanners it gefoel hat dat der net nei harren harke wurdt. Of komt it dat se de feroaringen yn de wrâldmienskip net byfytse kinne? Alles feroaret en it fertroude en feilige fan earder misse se. Spylje yn op de eamelpraatsjes oer “eigen identiteit” dy’t ús ôfnommen wurdt, de bûtenlanners dy’t ús banen ynpikke, Europa dat jin de siken benimt en it “partijenkartel” dat it folk útmelkt. Doch der noch in skepke boppe-op mei in hantsjefol komplotteoryen oer koroana, mjuksje dat trochinoar en sis dan dat jo de wrâld rêde sille sûnder derby te sizzen hoe’t soks dan moat. Meitsje dêr in sjo fan op it toaniel en hingje dêr de yntellektueel út: sukses fersekere.

De ûnfrede fan in protte minsken waard dizze wike noch slim fersterke troch de fertoaning by de parlemintêre fraachpetearen oer de berne-opfangtaslach. Net ien is skuldich. Elkenien wiist nei oaren dy’t deroer gean soene. By amtners hearske in mentaliteit fan “befehl ist befehl”. It is ús sa opdroegen troch de polityk en de polityk hie it net op it eachflues. Ja as se dat witten hiene, ja dan… Mar as de sjoernalistyk it net oanpakt hie, dan hiene se it no noch net witten. Fansels, it wie der fier by troch en de minsken sille kompensearre wurde. Dy wachtsje no al withoe lang op dy werombetelling, mar it moat fansels boekhâldkundich wol yn oarder wêze. En sa bedarret it dan yn in nije amtlike mûne, en wy witte: dy meale stadich. Is it echt sa dreech om it bedrach oer te meitsjen nei de minsken dy’t dupearre binne, om dan letter út te sykjen wat it krekte bedrach wêze moat?  Ha we yn Nederlân dan dochs alles te bot ticht timmere en de iene yngewikkelde regeling nei de oare betocht en ûndertusken de minsken mei de platte ponge oan harren lot oerlitten?

En sa slút it iene ferhaal op it oare oan. Om de uterst rjochtse sentiminten de wyn út de seilen te nimmen giet de polityk mei yn alle borrelpraat oer misbrûk fan foarsjenningen troch migranten en wurkleazen. Dizze flinkens ha wy dêroan te tankjen. Der wurdt hiel wat ôf skolden troch de “hurdwurkjende Nederlanner” op de profiteurs fan ús sosjale potsjes. Dat wit elkenien, want “it stie ommers op Faceboek”. Sa wurdt Nederlân der net oangenamer op.

Jabik van der Bij

novimber 28, 2020 09:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.