Hoera! In hurde breksit!

novimber 9, 2020 07:00

Skôging troch Sybren Singelsma

It wie in staaltsje diplomatyk earmkedrukken okkerdeis yn it dossier fan de breksit. Jo witte noch wol, dat giet oer it feit dat Grut-Brittannië út de EU stapt is, wat de oare EU-lannen neffens Boris Johnson sa bang meitsje soe dat se gau in akkoart slute soene oer de takomstige hannelsrelaasje, dêr’t it Feriene Keninkryk alle foardielen fan lidmaatskip by behâlde soe, sûnder de lêsten dêrfan drage te hoegen. Dy ûnderhannelingen oer de takomstige hannelsrelaasje sitte no dus muorrefêst.

Liam Fox, David Davis en Michael Gove hiene it Britske folk noch net ferteld dat soks allegear mar in ‘piece of cake’ wêze soe, of Donald Trump ferhuze nei it Wite Hûs en begûn mar fuortdaliks oan in geopolitike machtsstriid mei Sina en de rest fan de wrâld. Wie dat al in soarte fan bom ûnder de globalisearre wrâld, it koroanafirus hat derfoar soarge dat alle ekonomyen in mânske krimp te sjen joegen. Dan haw ik it fierder noch net oer it klimaat, of it dossier migraasje.

De regearingslieders hawwe allegearre mei-inoar sa stadichoan wol wat oars oan ’e holle as noch in protte tiid ferdwaan te wollen oan in roppende en razende studinteklup dy’t yn it Britske regear belâne is.

Op de lêste top yn Brussel hawwe de regearingslieders, nei in sûnder mis presize en goed ûnderboude útlis fan saken troch ûnderhanneler Michel Barnier, net folle tiid nedich hân om de Britten dúdlik te meitsjen dat se op it mêd fan fiskerij, steatstipe en in goede skeleproseduere no mar ris de EU yn ’e mjitte komme moasten, en oars gjin hannelsakkoart op 1 jannewaris.

De regearingslieders wiene der gau út mei dat ferrassend hurd boadskip dat de Britten net oankommem sjoen hiene sa’t it skynt. It ymplisite boadskip wie ek dat se net fan doel binne en ferdoch noch in protte tiid oan de breksit.

Boris Johnson reagearre mei de útspraak dat it Feriene Keninkryk him no reemeitsje moat foar gjin ôfspraak (in no deal) en dat Barnier mei syn maten net nei Londen hoecht te kommen. Blufpoker? Faaks wol, mar sa’n partijtsje poker kin ek ferlern wurde.

Dernei is der trije wike dreech underhannele, mar de partijen binne der noch net út.

En mei de winst fan Joe Biden yn Amearika en foaral it ferlies fan Donald Trump, sjocht alles der wer oars út foar de Britten. Ferjit net dat Biden fan Ierske komôf is en altyd syn Ierske roots koestere hat. Ek hy dreamt fan in Ierske ienwurding, dy’t mooglik like troch de Goed-freedakkoarden, yn it ramt fan de Europeeske Uny. Dat perspektyf ferdwynt mei in hurde Brexit, en Biden sil der net oan meiwurkje wolle troch fluch in hannelsakkoart te sluten. En foardat it apparaat fan Biden echt oan it wurk giet binne we ek in pear moanne fierder.

Dat makket dat Boris syn priis foar blufpoker heger wurdt. En de Europeeske lieders kinne makliker efteroer leune.

It is wol dúdlik dat gjin ien fan beide partijen it proses rekke wol oant nei 1 jannewaris 2021, as it oergongsrezjymôfrint. It giet dus no noch om in akkoart op it lêste stuit (last minute) óf in hookstrookse (cold turkey) breksit.

It Europeeske Covid Relance Plan, it ûntwikkeljen fan in feilichheidsdiminsje foar de EU, it beskermjen fan de bûtengrinzen en in nije oanpak fan de migraasje, de wurklist fan de regearingslieders is fol genôch. As der in ôfspraak mei de Britten sletten wurde kin, prima, nammerste better, mar it boadskip fan de regearingslieders liket ek te wêzen dat gjin oerienkomst harren ek wol okee is, want de EU moat fierder. En nei de ferkiezing fan Biden kinne se noch mear efteroer leune.

En faaks tinkt mannich regearingslieder ek noch wol: hoera, in hurde breksit! Gewoan omdat er skjin syn nocht hat.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
novimber 9, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.