Hoarekaûndernimmers ferlieze 18% fan ynkomsten sûnt begjin koroanakrisis

novimber 9, 2020 10:05

Fan it begjin fan de lockdown yn maart oant de sluting yn oktober krigen restaurant- en kafee-eigeners yn trochsneed € 12.182 minder op harren rekken byskreaun as yn deselde perioade ferline jier. Dat komt del op in ynkomstedelgong fan 18%. Dat docht bliken út ûndersyk fan Knab, op basis fan anonimisearre transaksjedate fan goed 1.300 Nederlânske hoarekaûndernimmers.

Foto: pixabay.com

Kafee-eigeners hurdst rekke troch koroanamaatregels
Under de hoarekaûndernimmers wurde kafee-eigeners it hurdst troffen troch de koroanamaatregels. Sûnt it begjin fan de lockdown oant de hjoeddeiske sluting krige in kafee-eigener yn trochsneed € 19.777 minder oan ynkomsten. Dat komt del op in weromgong fan 24% neffens deselde perioade ferline jier. De ynkommensdelgong is mei it gefolch fan de sluting op lukrative dagen lykas Keningsdei en de hjeldagen yn maaie. Kafee-eigeners kinne trochgeans nei weromfalle op ôfhel- en besoarchtsjinsten.

Restaurants foar sluting net wer op nivo ferline jier
Restauranteigeners ûntfongen sûnt de maitiid yn trochsneed € 9.310 minder: 15% minder as yn 2019. De skea is noch wat beheind, trochdat restaurants yn augustus (+1%) en septimber (+6%) foar it earst wer positive sifers sjen lieten. Yn de foarige koroanaweach – doe’t alle restaurants ticht wiene – hiene se yn trochsneed 36% minder ynkomsten. Eventuele stipemaatregels fan de oerheid binne dêrby net meinommen.

Mear as de helte fan de hoarekaûndernimmers brûkt stipemaatregel
Goed de helte fan de hoarekaûndernimmers makket gebrûk fan ien of mear fan de stipemaatregels fan de oerheid. 45% ûntfong de TOGS-regeling, dêr’t ien kear € 4.000 by útkeard wurdt yn de swierst troffen sektoaren.

Dêrneist hawwe hoarekaûndernimmers mei personiel fia de NOW-regeling – ûnder beskate betingsten – rjocht op kompensaasje fan in part fan de leankosten. By it earste stipepakket krige 12% fan de kafee-eigeners en 9% fan de restauranteigeners fia dy regeling minstens ien moanne jild op ’e rekken stoart. Dy persintaazjes wiene leger by it twadde stipepakket. Doe ûntfong 7% fan de ûndernimmers mei in kafee en 3% fan de restauranteigeners op syn minst ien kear jild fia de NOW-regeling.

Mear ynformaasje oer it hoarekaûndersyk is hjir te lêzen.

novimber 9, 2020 10:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.