Hieltyd mear minsken foar twadde kear siik troch koroana

novimber 7, 2020 09:34

It foar de twadde kear skypjen fan it koroanafirus en it opnij trochmeitsjen fan Covid-19 komme faker foar as earst tocht waard. Der binne hieltyd mear minsken dy’t foar de twadde kear siik wurde troch SARS-CoV-2, it koroanafirus dat Covid-19 feroarsaakje kin.

Foto: pixabay.com

Soms ferrinne de nije ynfeksjes mylder, mar yn oare gefallen just folle slimmer. Om mei wissens te sizzen dat ien foar de twadde kear Covid-19 hat, is der eins in genetysk profyl nedich fan it firus dat de pasjint skipe hat. Dat moat dan ferlike wurde mei it profyl fan it firus dat de earste ynfeksje feroarsake. Dêr sit in probleem, want yn ’e maitiid is net faak sok genetysk ûndersyk dien. En de meunsters dy’t yn dy rite by minsken ôfnommen binne út de noas of kiel binne lang net altyd bewarre. No wurdt ek mar by in stikmannich pasjinten in genetysk profyl fan it firus makke.

Dochs binne wittenskippers der ûnderwilens wol fan oertsjûge dat werynfeksjes gjin útsûndering binne. Wrâldwiid binne der no tsientallen genetysk bewiisde gefallen beskreaun. Yn Nederlân binne der likernôch tsien bekend. Der sitte in protte moannen tusken de earste en twadde kear dat pasjinten troffen wurde troch Covid-19. Boppedat binne se tuskentroch, soms sels mear as ien kear, negatyf test op it firus, foar’t se opnij posityf blieken.

novimber 7, 2020 09:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.