Heimsinnige metalen monolyt út Utah ferdwûn

novimber 30, 2020 08:33

In mysterieuze monolyt dy’t ôfrûne moanne yn ’e woestyn yn Utah ûntdutsen waard, liket wer ferdwûn te wêzen. Hoe’t dat bard is, is net dúdlik. De autoriteiten sizze allinnich dat se út betroubere boarnen witte dat it objekt fuorthelle is troch in ûnbekende tredde.

Utah (foto: pixabay.com)

It metalen objekt fan hast fjouwer meter heech waard út in helikopter wei ûntdutsen by it tellen fan skiep. De ûntdekkers hiene der gjin aan fan wat it objekt wie en spekulearren dat it miskien efterlitten wie troch in keunstner of bûtenierdske wêzens. It plak fan de rjochtopsteande balke waard troch de lokale autoriteiten net dield om foar te kommen dat minsken op in gefaarlike ekspedysje gean soene om it ding te sykjen. Dochs wisten ynternetspeurders de koördinaten mei Google Earth te efterheljen. Hja rûzen wannear’t de monolyt likernôch tusken de reade rotsen ferskynd wêze moat. Op bylden fan Google Earth fan oktober 2016 is in opfallend lang skaad te sjen, wylst dy op bylden út 2015 ûntbruts yn it lânskip. Noch gjin 48 oeren nei de ûntdekking wist de Amerikaan David Surber it plak te berikken.

Op ynternetfoara lykas reddit.com wurdt spekulearre wêr’t it objekt wei komt. Minsken dy’t de foto’s yn detail besjoen ha, slute út dat it wat bûtenierdsk is. Woestynkeunst komt faak foar yn it súdwesten fan Amearika. De Amerikaanske filmhistoarikus I.Q. Hunter tinkt dat de monolyt brûkt waard by filmopnamen yn ’e woestyn en dêr doe efterbleaun is.

De lokale auroriteiten sjogge it gefaarte as “privee-eigendom” en hawwe it om dy reden nei eigen sizzen net ferpleatst. Hast krekt sa fluch as it ferskynde, is it no ferdwûn, seit it lokale departemint fan publike feiligens.

novimber 30, 2020 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.