Grykske boufakkers grave holle fan god Hermes op

novimber 18, 2020 08:58

Hermes (foto: Wikipedia/Marsyas – CC BY-SA 2.5)

Boufakkers hawwe yn it sintrum fan Atene in marmeren byld fan de holle fan de god Hermes fûn. It Grykske ministearje fan Kultuer tinkt dat it byld út de tredde of fjirde iuw foar Kristus stamt.

De boufakkers stjitten op ’e holle by wurksumheden oan it rioel yn it âlde stedssintrum. It lei sa’n 1,30 meter ûnder de stoepe fan in drokke dyk. Neffens it ministearje is de holle noch yn goede steat. Dy is nei in opslachplak fan it Ateenske buro foar âldheden brocht.

Yn ’e klassike âldheid waarden hollen of bústen fan Hermes faak op krusings delset as grinsmarkearring tusken diken. Yn de Grykske mytology wie Hermes njonken de boade fan de goaden ek beskermhear fan reizgers.

novimber 18, 2020 08:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.