Grouster Swarte Pyt op wrâldreis; Aldemar ferfangt him

novimber 5, 2020 10:21

byld út it ekstra Sint-Pitersjoernaal fan 4 novimber 2020

Yn twa ekstra Sint-Pitersjoernaals is earjuster en juster buorkundich makke dat Sint-Piter yn febrewaris 2021 yn Grou mei in nije feint komt. Dat is Aldemar (wurdt útsprutsen as Âldemar), dy’t earne yn ’e bosk yn Fryslân yn in beamhutte wennet. It is gjin drûge kluzener, mar in echte natuerman dy’t ek fan grappen en fiten hâldt en bern graach bliid makket.

Dat Sint-Piter in nije feint hawwe moast komt trochdat Swarte Pyt op wrâldreis is. Sint-Piter gunde him dat en sei dat er dy kâns gripe moast. Hy siet doe wol mei de swierrichheid dat er syn misje om de Grouster bern fan pakjes te foarsjen net allinne oankin. Syn adviseuze Sytske kaam op it idee om Aldemar dêrfoar te freegjen. Dy moast it wol efkes yn him omgean litte, mar wie gau út ’e ried. Yn de kommende wiken sil er him op syn nije taak tariede.

Neffens berekkening moat Swarte Pyt syn helptaak fan de Sint sûnder ûnderbrekking goed 110 jier folbrocht hawwe.

De tadracht is te besjen op https://sintpiter.nl/extra-sint-pitersjoernaal-diel-1/ en https://www.youtube.com/watch?v=vMF2P5t_loQ&feature=youtu.be

novimber 5, 2020 10:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.