Gjin Alvestêdetocht fan ’t winter

novimber 22, 2020 11:35

Der komt de kommende moannen gjin Alvestêdetocht. Dat hat de Keninklike Feriening De Fryske Alvestêden bepaald. Noch ôfsjoen fan de waarsomstannichheden is it fanwegen de hjoeddeiske koroanasituaasje net mooglik om de tocht op feilige wize te organisearjen.

Alvestêdetocht 1986 (foto: Wikipedia/Rob Bogaerts-Anefo – publyk domein)

It wichtichste beswier is de oardelmetermaatregel. Pas as minsken gjin ôfstân mear faninoar hoege te hâlden, kin der neffens de feriening in tocht organisearre wurde. It bestjoer hopet dat de situaasje ferbetteret en dat der ein jannewaris of begjin febrewaris dochs wat mooglik is. Mar dy kâns is net grut, want dan is der ek iis nedich en dat is der noch net.

Der is ek sjoen nei alternativen, bygelyks in Alvestêdetocht foar allinnich wedstriidriders of foar minder rekreative riders as normaal. Mar neffens it bestjoer is dat net mooglik en is dêr ek net genôch draachflak foar.

novimber 22, 2020 11:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.