Gemeente It Hearrenfean en stifting Tijd meitsje nije ôfspraken Le Roy-tún

novimber 2, 2020 10:24

Wethâlder Jaap van Veen en Tineke Hempenius, foarsitter fan stifting Tijd, hawwe sneon yn ’e Le Roy-tún de hantekening set ûnder fernijde ôfspraken foar de ekokatedraal Le Roy-tún op It Hearrenfean.

Foto: Gemeente It Hearrenfean

Yn ’e maitiid fan dit jier ûntstie ûnrêst nei’t de gemeente grienûnderhâld oan ’e tún útfierd hie dy’t net oerienkaam mei de filosofy fan Le Roy. Dêr kaam it ferlet oan fernijde ôfspraken út nei foaren. De Yntinsjeferklearring fan 2005 moast ek wizige wurde as gefolch fan de wurksumheden oan de Oranje Nassauleane.

Wethâlder Jaap van Veen: “It ekokatedrale proses en de filosofy fan Le Roy is foar It Hearrenfean unyk en wolle wy ek op dit plak mooglik meitsje. De fernijde ôfspraken drage by oan goed ûnderling kontakt, sadat it ûnderhâld en de ûntwikkeling fan de tún yn goed oerlis giet. De gemeente en de stifting hawwe dêrby elk in eigen ferantwurdlikheid.”

Stifting Tijd
Foarsitter Tineke Hempenius: “Wy sette ús al jierren mei frijwilligers en buertbewenners yn foar de Le Roy-tún dy’t wy neffens ekokatedrale prinsipes ûnderhâlde. Dat hâldt yn dat de natuer him yn de tiid ûntwikkelje kin en de minske dêroan bydraacht troch te steapeljen (stiennen en oar materiaal) en troch natuerlike materialen ta te foegjen. De minske hat dêr mar in minimale rol yn. Mei de fernijde ôfspraken kinne wy dat unike proses yn stân hâlde.”

Ofspraken oer behear en ûnderhâld
De Le Roy-tún is in lange, smelle grienstripe en dy’t midden yn in wenwyk oan de Europaleane en de Kennedyleane leit. De gemeente is de eigener fan de grûn en de stifting Tijd de behearder. Yn mienskiplik oerlis wurdt besprutsen oft der ûnderhâld mei it each op feiligens nedich is. De fernijde ôfspraken binne fêstlein yn in addendum, in oanfolling op de eardere yntinsje-oerienkomst dy’t yn 2005 ûndertekene wie.

Wurksumheden Oranje Nassauleane
Yn it ramt fan it projekt Hearrenfean Better Berikber sille wurksumheden útfierd wurde by de Oranje Nassauleane, dêr’t de ynrjochting fan it gebiet troch feroaret. Mei de stifting is oerienkommen dat de rinbrêge, dy’t de Le Roy-tún ferbynt mei de wente fan Le Roy yn Oranjewâld, fuorthelle wurdt. Om dat te kompensearjen wurdt by de wurksumheden mei de stifting besjoen hoe’t in part fan de stripe by de Oranje Nassauleane lâns neffens de prinsipes fan it ekokatedrale bouwen ynrjochte wurde kin. It is foar stifting Tijd in útlêzen kâns om fierder te bouwen en it gebiet as werkenningspunt sichtber te meitsjen.

Boargjen fan it ekokatedrale proses
Stifting Tijd hat de winsk útsprutsen om it ekokatedrale proses planologysk fêst te lizzen. De gemeente hat dêryn syn meiwurking tasein. Skielk wurdt dat yn it nije omjouwingsplan ferwurke.

Undertekening
Op 31 oktober 1924 waard Louis Le Roy berne. It sympoasium Bomen over Bos dat de stifting organisearre hie ta eare fan de bertedei fan Le Roy yn it Posthústeater koe troch koroana dit jier net trochgean. Dy dei waard no oangrepen foar it ûndertekenjen fan de nije ôfspraken.

novimber 2, 2020 10:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.