Galery Bax Kunst eksposearret keunstwurken fan Anneke van der Meulen en Theo Wolfs

novimber 29, 2020 08:49 Fernijd

Fan 28 novimber oant en mei 9 jannewaris 2021 eksposearje keunstners Anneke van der Meulen en Theo Wolfs by Galery Bax Kunst yn Snits. Beide keunstners binne al langer oan de galery ferbûn. Spesjaal foar de útstalling makken se nije keunstwurken, dy’t dus foar it earst yn Snits toand wurde.

‘Abstract II’ fan Anneke van der Meulen (foto: Bax Kunst)

Stiennen bylden
Anneke van der Meulen makket meast abstrakt mar ek figuratyf wurk. Har oplieding folge sy ûnder oare yn Koudum, dêr krige se les fan Herma Bovenkerk.

As materiaal brûkt se graach albast, serpentyn en kisii. In byld komt faak ta stân as de foarm fan in stien har oanstiet. Dan begjint it bestudearjen, besjen en fielen oan de stien en dan tsjinnet him wol in ûnderwerp oan. It sjen nei de foarm hat se leard by har opliedingen. Dat soarge foar ferdjipping yn it ambacht.

Anneke fertelt oer har wurk: “Troch te byldhouwen haw ik leard om te sjen. Dat allinnich al makket it byldhouwen de muoite wurdich. Yn myn atelier kin ik hearlik myn gong gean, want hakjen jout no ienris rotsoai. Letter begûn ik ek mei hout te wurkjen.

In foarm út in stien hakje is geduldwurk. De keunstneres komt harsels der faak mei tsjin. Net allinnich fysyk, mar ek yn ’e foarmen dy’t al dwaande ûntstean. Want in foarm hat ek ynhâld. Men drukt der wat fan jinsels yn út. Fan ferskate barrens yn myn libben haw ik in byld makke.”

Wurk fan Anneke van der Meulen is te finen yn bedriuws- en partikuliere kolleksjes yn Nederlân.

‘Boten op het Wad’ fan Theo Wolfs (foto: Bax Kunst)

Skilderijen
Theo Wolfs is kwa skilderjen in echte letbloeier. Hoewol’t it syn hiele libben altyd wol behearske hat, stie it troch syn wurk altyd op in leech pitsje. Wol folge er lessen by Doet Boersma.

Wolfs skilderet werkenbere tema’s út syn leefomjouwing, ûnder oare Fryske lânskippen. It Waad is dêrby in grutte ynspiraasjeboarne, lykas stedsgesichten, mar ek stillibbens en ynterieurs. Dat docht er yn in hiel eigen styl en hânskrift. De keunstner wurket foaral yn oaljeferve en in inkelde kear yn akryl. Derby leit er de klam op sfear, kleurstellingen, komposysje en romte. In protte skilderijen sille de taskôger in gefoel fan werkenning en fertroudheid jaan.

Wolfs oer syn wurk: “Neiý ik mei pensjoen gie, krige ik it advys fan Douwe Elias dat as ik it fak echt en op in behoarlik tempo leare woe, ik de Klassike Akademy yn Grins folgje moast.” Wolfs hat dy stúdzje tusken 2009 en 2014 folge en suksesfol ôfmakke. Dêr hat er les hân fan ûnder oaren Mathijs Roling, Henk Helmantel, Jan van der Kooi en in protte oare ferneamde skilders. Dêrneist wie der altyd neist de Akademy de stipe fan Douwe Elias.

It is alwer de fjirde solo-eksposysje fan Theo by Bax Kunst yn Snits en ûnderwilens hat er suksesfol eksposearre yn ferskate galeryen yn Nederlân en België.

‘Strandgezicht Wad’ fan Theo Wolfs (foto: Bax Kunst)

De eksposysje besytsje
Galery Bax Kunst is te besytsjen op de fêste iepeningstiden. “Wy folgje dêrby alle mooglik oanwizingen fan it RIVM. Dêrneist meitsje ús fertroude iepeningstiden it juist goed mooglik om alle doelgroepen fan tsjinst te wêzen. Moarns op ôfspraak, middeis iepen foar publyk”, fertelt kurator Redmer Bax. Hy beslút: “De thússitters wolle wy ek betsjinje mei dizze eksposysje fan hege kwaliteit. En dat dogge wy neist yn ’e galery ek online fia in firtuele toer en ús webside.”

De eksposysje duorret oant en mei 9 jannewaris 2021.

novimber 29, 2020 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.