FSP: Gefolgen koroanakrisis wakker ûngelyk 

novimber 15, 2020 19:51

Fan 22 septimber oant 13 oktober hat it Frysk Sosjaal Planbureau (FSP) foar de twadde kear ûndersocht watfoar maatskiplike ynfloed oft de koronakrisis op de ynwenners hat. De belangrykste konklúzje: nochal ûngelyk. Benammen jongfolwoeksenen, minsken mei in fleksibel arbeidskontrakt, zzp’ers en de âlderein ûnderfine negative effekten. De krisisorganisaasje fan Feilichheidsregio Fryslân sil de resultaten fan it ûndersyk by syn oanpak brûke.  

Foar dit twadde koroanaûndersyk waard Panel Fryslân ynset. Dat boargerpanel bestiet út in represintative groep fan ûngefear seistûzen ynwenners fan Fryslân fan 18 jier en âlder. Der waarden 2723 fragelisten ynfolle. By it earste ûndersyk yn april‑maaie wiene dat sa’n 3100. In dei foardat it kabinet foar in part in lockdown oankundige waard it ûndersyk sletten.

Gefolgen ûngelyk ferdield
De koronoakrisis hat foar elkenien gefolgen, mar net alle groepen wurde like hurd rekke, fertelt FSP-ûndersiker Arjen Brander. “Tink bygelyks oan jongfolwoeksenen, minsken mei in tydlik kontrakt yn it arbeidsprose en in part fan de selsstannigen. Mar ek âlderen dy’t mear iensumens ûnderfine, en mantelsoagers mei in folle dreger taak. Wat moatte we dwaan om foar te kommen dat sokken noch fierder efterop reitsje? Wat langer de krisis duorret, wat wichtiger dy opjefte duorret.”

Sosjale gearhing ûnder druk 
De sosjale gearhing yn Fryslân is noch hieltyd sterk en it klearstean om inoar te helpen is derop foarútgien. Ien op de fiif ynwenners helpt de buorlju al mei it boadskipjen of in húshâldlik karweike. De buertbining is lykwols net oeral like folle sterker wurden. Yn buerten dêr’t dy al goed wie kin de rek derút gean. It docht bliken dat dan it fertrouwen yn de oerheid en yn inoar ôfnimt. Yn buerten dêr ҆t de bewenners net safolle mei-inoar hawwe komme spanningen oan it ljocht. Dêr’t de buertrelaasjes wol al tige goed wiene wurde dy allinne mar better en komme mear inisjativen fan ’e grûn.

Minder fertrouwen yn oerheid en oanpak krisis 
Yn oktober wie it fertrouwen yn de oerheden minder as yn maaie, mar noch wol heger as foar de krisis. Minsken sitte oer de ekonomyske gefolgen yn en oer hoelang’t allegear noch duorje moat. De noed oer wurk en ynkommen  meitsje dat de tefredenheid oer de oerheidsoanpak de lêste moannen minder wurden is. De jongsten jouwe yn trochsneed it leechste sifer en de âldsten it heechste.

Noed oer wurk en ynkommen
It binne de selsstannigen en minsken mei in fleksibel kontrakt dy’t oer harren takomst ynsitte en fan harren benammen de jongerein en guon mei in lege oplieding. Fan minsken mei in fêst kontrakt is mar njoggen persint ûnwis.

Iensumens ûnder senioaren 
Sawat ien op de tsien minsken fan santich jier en âlder fielt him tige iensum. Sûnt febrewaris sit dêr in lichte stiging yn.

Fryske oanpak fan de koroanakrisis
It FSP docht algedurigen ûndersyk nei ferskowingen en ûntwikkelingen yn Fryslân. It dielt de resultaten fan dit koroana-ûndersyk mei de krisisorganisaasje fan Feilichheidsregio Fryslân. Dy brûkt by de fierdere oanpak fan de krisis. “It is belangryk om dêrfoar draachflak en fertrouwen by de ynwenners te behâlden”, seit Martin Kool, programmalieder by de feilichheidsregio. “Om de ferskillende doelgroepen te helpen tinke we nei oer aksjes dy’t wy útfiere kinne. Ien dêrfan is it ûntwikkeljen fan in kampanje dy’t op jongelju rjochte is.”

Mear ynformaasje

Op www.fsp.nl/corona publisearret it FSP de resultaten fan ûndersiken nei de maatskiplike ynfloed fan de koroanakrisis yn Fryslân.

Op www.vrfryslan.nl/coronavirus is ynformaasje te finen oer de oanpak fan de koroanakrisis yn Fryslân.

Onderzoeksrapport ‘Ongelijk verdeeld. De gevolgen van de coronacrisis voor de inwoners van Fryslân’

Video ‘De gevolgen van de coronacrisis voor de inwoners van Fryslân’

Fryslân’Infographic – Gevolgen corona in Fryslan – november 2020

 

novimber 15, 2020 19:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.