Fryslân DOK publisearret krekt ûntdutsen kleurebylden Abe Lenstra

novimber 26, 2020 08:51 Fernijd

By it Frysk Filmargyf binne ûnbekende kleurebylden fûn fan de fuotbalwedstriid Hearrenfean-Haarlem út 1948 mei Abe Lenstra. De bylden binne te sjen yn in dokumintêre fan Piter Tjeerdsma foar Fryslân DOK. ‘Dûnser mei de bal – 100 jier Abe Lenstra’ is makke foar Abe’s hûndertste bertedei op 27 novimber.

Abe Lenstra (byld: Frysk Filmargyf)

Abe Lenstra, sa wurdt sein, koe by syn berte al fuotbalje. Noch by syn libben waard hy in myte. Oer net folle oare Nederlânske fuotballers is safolle praat en skreaun as oer ús Abe, ek nei syn dea yn 1985. Mar wat is der wier fan al dy ferhalen? En binne der miskien noch ûnbekende of fergetten bylden, dy’t in nij ljocht op dizze Fryske fuotbaldûnser skine litte kinne?
De kleurefilm út 1948 is sa’n ûnferwachte fynst. It giet om in 8mm-filmke fan de Dokkumer amateurfilmer Oeds Andries Brouwer. It filmke duorret sa’n trije minuten. Hearrenfean-Haarlem waard spile op 6 maaie 1948 en it wie ien fan de krúsjale wedstriden yn de striid om de lânstitel. It wie ek de clash tusken twa grutte spitsen fan it Nederlânske fuotbal yn dy jierren: Abe Lenstra en Kick Smit. Mei Faas Wilkes foarmen sy de ferneamde stripfiguer Kick Wilstra. Yn in spannend duel wûn Hearrenfean mei 4-3 fan Haarlem. Us Abe skoarde fjouwer kear. Uteinliken griep Hearrenfean krekt neist de lânstitel en waard BVV Den Bosch kampioen.

Abe Lenstra (byld: Frysk Filmargyf)

Seldsume bylden
Frysk Filmargyf-koördinator Syds Wiersma fûn de kleurebylden, nei’t dokumintêremakker Piter Tjeerdsma it filmargyf frege hie om op syk te gean nei noch ûnbekende filmfragminten fan Abe Lenstra. Se sieten ‘ferburgen’ op in filmspoel tusken ferskate swart-wytbylden fan Oeds Andries Brouwer út de jierren 1947-1949. Utsein de kleurebylden fûn Wiersma ek in pear bysûndere swart-wytbylden fan Abe Lenstra, ûnder mear yn koarte filmkes fan de wedstriden Hearrenfean-Feyenoord (1943) en Hearrenfean-SVV (1949). Kleurebylden fan Nederlânsk topfuotbal yn de fjirtiger jierren binne tige seldsum. Spitigernôch lit it kleurefilmke net ien fan de fjouwer doelpunten fan Abe Lenstra sjen. Wol sjogge we in pear aksjes fan Abe dy’t syn klasse ferriede. De lins fan filmer Oeds Andries Brouwer ‘fong’ de beide doelpunten fan Haarlem, mar allinnich yn ‘e fierte. It is bysûnder dat Brouwer de opkomst fan beide ploegen fan it fjild ôf út ‘e katakomben fêstlei. Sa sjogge wy de Haarlemmer readbroeken en de spilers fan Hearrenfean yn harren blau-wite shirts mei reade pompeblêden prachtich by de kamera lâns rinnen. It is fassinearjend om it publyk sa ticht op it fjild te sjen, sjongend foar syn helden. Lykas de bylden nei ôfrin fan de wedstryd, as it fjild folstreamt mei taskôgers en de plysje op it hynder de oarder bewekket.
Tiisdeitemiddei binne de kleurebylden út 1948 oanbean oan Sietske Poepjes, de Fryske deputearre fan kultuer.

Abe Lenstra (byld: Frysk Filmargyf)

Mear bysûndere bylden te sjen
Yn de Fryslân DOK ‘Dûnser mei de bal – 100 jier Abe Lenstra’ binne noch mear tige bysûndere âlde bylden fan Abe te sjen. Fierders leverje Abe Lenstra’s biograaf Johann Mast, Abe-samler Jan Kuipers en filmargivaris Syds Wiersma in bydrage oan de dokumintêre. De dokumintêre wurdt op 28 novimber útstjoerd troch NPO2 en op 29 novimber troch Omrop Fryslân.
Op freedtejûn 27 novimber, de 100e bertedei fan Abe Lenstra, stjoert Omrop Fryslân om 20.15 oere foar ien kear in ynterview út dat Willem Duys yn 1971 mei Abe hie yn syn ferneamde programma Voor de vuist weg.

‘Voor de vuist weg… met Abe Lenstra’
Freed 27 novimber, 20.15 oere, Omrop Fryslân
Fryslân DOK: ‘Dûnser mei de bal – 100 jier Abe Lenstra’
Sneon 28 novimber, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 29 novimber 13.10)
Snein 29 novimber, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

De kleurebylden út 1948 binne te finen op it YouTube-kanaal fan it Frysk Filmargyf, sjoch ek hjir.

novimber 26, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.