Fryslân DOK: ‘Mei it helmhout tusken ús yn’

novimber 3, 2020 08:38

Mei it helmhout tusken ús yn, it ferhaal fan de frou op it skûtsje

Eartiids, doe’t it skûtsje noch in frachtskip wie, stie de frou like faak oan it roer as har man. Wêrom ken it SKS-skûtsjesilen dan noch hieltyd gjin froulike skippers? Dat is de fraach yn de Fryslân DOK: ‘Mei it helmhout tusken ús yn’.

Noa van der Meulen oan it roer (foto: Omrop Fryslân)

Doe’t yn Noard-Nederlân de skûtsjes noch fracht ferfierden, diene man en frou it wurk oan board tegearre. It laden en lossen, it silen, it lûken fan it skip. Hy of sy stie oan it roer. Tegearre hiene se in bedriuw en tegearre stjoerden se it skip. Oars gong it om en ta by it skûtsjesilen simmerdeis. It húsried, frou en bern kamen op ’e wâl, en de man sylde de wedstriid. De frou soarge foar bêd en brochje, foar it feest nei winst en de treast nei ferlies.

Ek no’t de SKS, de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen, 75 jier bestiet is yn dy tradisjonele rolferdieling net folle feroare. Froulju sitte meastal op it folchskip, soms binne se bemanningslid. Mar skipper by de SKS wêze, dat is noch nea slagge. Wannear sil de frou, krekt as eartiids op it frachtskip, ek op in SKS-skûtsje oan it helmhout stean?

Beppe Bies (foto: Omrop Fryslân)

Yn de ferhalen oer skûtsjes en skûtsjesilen hat de rol fan de frou altyd ûnderbeljochte west. Dokumintêremakker Karen Bies woe yn de Fryslân DOK ‘Mei it helmhout tusken ús yn’ no ris de frou nei de foargrûn helje. Yn de film komt ek har 101-jierige beppe oan it wurd, sy wie eartiids tegearre mei har man skûtsjeskipper.

Fryslân DOK: ‘Mei it helmhout tusken ús yn’
Sneon 7 novimber, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 8 novimber 13.10 oere).
Snein 8 novimber, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

novimber 3, 2020 08:38
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren novimber 3, 19:56

    Dat is ek in moar ferske fan Tetman de Vries as ik it goed haw

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.