Frysk Museum siket troujurk foar borduerútstalling

novimber 17, 2020 08:46 Fernijd

It Frysk Museum is op syk nei in mei de hân borduerde troujurk foar de útstalling Haute Bordure, dy’t op 13 febrewaris 2021 iepenet.

Foto: Erik & Petra Hesmerg

Yn ’e útstalling stiet borduerwurk yn ’e moade sintraal. In spesjale romte wurdt ynrjochte foar fyn, wyt borduerwurk dat wichtige libbensmominten lykas berte, doop en houlik markearret. It museum mist noch in (histoaryske) wite, mei de hân borduerde troujurk. Wa’t noch sa’n jurk hat fan in beppe of oerbeppe, dan wol it museum graach dat dy kontakt opnimt fia communicatie@friesmuseum.nl û.f.f. ‘troujurk’ en foto’s mailt, foarsjoen fan safolle mooglik ynformaasje, lykas in datearring, it materiaal en de steat dêr’t de jurk yn ferkeart.

Haute bordure
Fan 13 febrewaris o/m 18 july 2021 presintearret it Frysk Museum in grutte útstalling oer bordueren yn ’e moade. It oplibjen fan it ambacht by grutte moadehuzen en hjoeddeiske ûntwerpers wurdt yn histoarysk perspektyf pleatst oan ’e hân fan fjouwer iuwen borduerwurk. Klean en assessoires út de eigen kolleksje wurde oanfolle mei histoaryske en eigentiidske kreaasjes. Fan in jûnsjurk mei rinkeljende bellen fan Viktor & Rolf oant mei goudtried fersierde skuon út 1620 en in ryk dekorearre japon fan Keninginne Máxima. Foar it earst ûntstiet in dúdlik byld fan de rol dy’t selsmakke borduerwurk yn ’e Nederlânske moadeskiednis ynnimt.

De útstalling Haute Bordure wurdt mei mooglik makke troch it Prins Bernhard Kultuerfûns en it Margarethe Petronellafûns, VSBfûns en Fûns 21. In stikmannich brûklienen binne ôfkomstich út de kolleksjes fan de Ottema-Kingma Stichting en it Keninklik Frysk Genoatskip. In pear fan de stikken dy’t eksposearre wurde, binne restaurearre mei stipe fan de Wassenbergh-Clarij Fontein Stichting.

It Frysk Museum makket diel út fan it gearwurkingsnetwurk fan Modemuze. Dy gearwurking rjochtet him op kennisútwikseling fia modemuze.nl en it beskikber stellen fan sieraden-, moade-, kostúm- en streekdrachtkolleksjes yn Nederlân en België.

novimber 17, 2020 08:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.