Frysk Museum keapet archeologysk topstik oan

novimber 27, 2020 08:51 Fernijd

It Frysk Museum yn Ljouwert hat in topstik oankocht. It giet om in unike fergulde Domburchfibula út de sande iuw, fersierd yn Skandinavyske styl. De fibula waard earder dit jier fûn yn de omkriten fan Swichum troch detektorsiker Robbert Velt. Mei stipe fan de Freonen fan it Frysk Museum en de Hofsteestichting koe de mantelspjelde oankocht wurde.

Domburchfibula – kolleksje Frysk Museum (foto: Paulien Kaan)

‘De fynst fan syn libben’, sa neamt Velt de fynst fan de fergulde fibula. Op snein 17 maaie 2020 die Robbert de bysûndere ûntdekking yn de omkriten fan Swichum mei syn metaaldetektor. It is net ûngewoan dat detektorsikers yn de Fryske boaiem artefakten fine út de betide midsiuwen, mar dit eksimplaar is unyk. Dêrom hat it Frysk Museum de mantelspjelde ek oankocht.

Ut ûndersyk die bliken dat it giet om in Domburchfibula. Sokke fibula’s kamen foaral yn de sechsde en sande iuw yn it Nederlânske kustgebiet en it sintrale rivieregebiet foar. Dizze is yn ferskate opsichten is unyk. Hy is mei 11,3 sintimeter hast twa kear sa grut as de trochsneed Domburchfibula. Hy is makke fan fergulde sulver, wylst se gewoanwei fan brûns makke waarden. It bysûnderst is de dekoraasje: twa bistekoppen. Mooglik giet it om de raven Huginn en Munnin, twa helpbisten fan de Noarske god Odin. Dêrneist binne der flechtbânmotiven te sjen dy’t noch nea earder oantroffen binne op sokke spjelden. Op basis fan de dekoraasje kin de spjelde datearre wurde yn de sânde iuw. De útfiering wiist op produksje yn Nederlân.

Domburchfibula – kolleksje Frysk Museum (foto: Paulien Kaan)

Diana Spiekhout, konservator fan it Frysk Museum, is tige bliid dat it museum de oankeap dwaan koe. “Lúkse foarwerpen, lykas dizze fibula, binne net allinne moai om te sjen, mar se helpe ek om de mienskip fan dy tiid te rekonstruearjen. Se waarden brûkt troch de (supra)regionale elite: de ‘keningen’ en harren famylje. Hja brûkten de moaiste foarwerpen om sels mei te pronkjen, of joegen de wat minder lúkse foarwerpen oan de lokale elite om har trou te winnen. Dêrneist waarden sokke foarwerpen skonken oan befreone keninklike famyljes as relaasjegeskinken. Dizze spjelde leart ús ek wat oer de kulturele oriïntaasje fan de betiid midsiuwske Nederlânske kustbewenners. Hoewol’t de foarm fan de spjelde typysk Frysk is, is dizze fibula folle grutter as de gebrûklike spjelden fan dit type en is de fersiering en foarmtaal yn Skandinavyske styl. Dy kopiearren de Friezen op harren spjelden.”

Mei de fibula hat it Frysk Museum in unyk topstuk yn syn kolleksje. “Ditsoarte objekten binne fan ûnskatbere wittenskiplike wearde. Se wurde selden fûn. Dizze spjelde is ek nochris unyk yn syn soart. Dêrmei is it ien fan de archeologyske topstikken út Fryske boaiem. Net allinne is it in topstik fan Fryslân, mar ek fan Nederlân,” sa seit Spiekhout. Wannear’t de fibula te sjen is foar it publyk, is noch net bekend.

novimber 27, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.