Frysk Fersetsmuseum hellet portret bisterjochte-aktivist út útstalling wei

novimber 30, 2020 08:45

Sûnt begjin dit jier lit it Frysk Fersetsmuseum in presintaasje sjen dêr’t alve Friezen mei ferskate eftergrûnen harren eigen ferhaal oer frijheid yn fertelle. Bisterjochte-aktivist Peter Janssen wie ien fan de minsken fan wa’t in portret yn Vrijheid Nu te sjen wie. In pear wike lyn waard er feroardiele foar brânstifting by in eineslachterij, wat foar it museum de oanlieding is om syn portret net langer sjen te litten.

Frysk Museum (foto: Ruben van Vliet)

Yn ’e útstalling ferkende it ferhaal fan Peter Janssen de grinzen fan de frijheid om op te kommen foar idealen. Hy fertelde dat er fan betinken is dat minske en bist gelikense rjochten hawwe en dat er ree is om syn eigen frijheid foar syn aktivisme op te offerjen. No’t Janssen feroardiele is foar in misdriuw dêr’t de algemiene feiligens by yn gefaar brocht is, fynt it museum syn ferhaal net langer in gaadlik útgongspunt foar it petear oer frijheid.

Friezen oer frijheid
Yn ’e útstalling Vrijheid Nu wurdt oan ’e hân fan persoanlike ferhalen ûndersocht wat it is om yn 2020 yn Fryslân frij te wêzen. Yn ’e presintaasje binne ynkringende portretten fan Marieke Kijk in de Vegte en Kees Muizelaar te sjen, mei iepenhertige fraachpetearen troch Sippy Tigchelaar en Sjoerd Litjens. De útstalling fertelt bygelyks it ferhaal fan Gerda út Ljouwert. Hja hie in lang en tawijd tsjerklik libben efter har. Oant har fyftichste wie se troud mei in dûmny. It beslút om har libben diele te wollen mei in frou hie en hat grutte gefolgen. Of Meysam, dy’t al jong syn passy foar dûnsjen ûntduts. Yn Iran, yn de strang Islamityske húshâlding dêr’t er yn opgroeide, wie en is foar dûnsjen gjin romte. No hat er in eigen dûnsskoalle en jout er op ferskate plakken yn Fryslân dûnsles oan bern.

It Frysk Fersetsmuseum is ûnderdiel fan it Frysk Museum.

novimber 30, 2020 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.