FrieslandCampina wol fabriken slute en skrast tûzen banen

novimber 10, 2020 09:40

Suvelkonsern FrieslandCampina wol kosten besparje en skrast dêrom by in reorganisaasje tûzen banen yn benammen Nederlân, België en Dútslân. De omset fan it konsern is dit jier omheechgien, mar it bedriuw tinkt dat de winst ûnder druk komt troch de gefolgen fan de koroanakrisis.

Foto: Wikipedia/J187B – CC BY-SA 4.0

It bedriuw neamt as problemen de klap foar de ferkeap yn restaurants wrâldwiid, de fal fan ferskate faluta lykas de Nigeriaanske naira, de legere suvelprizen en de sletten grins tusken Sina en Hongkong. FrieslandCampina ferkocht molkepoeier oan Sina fia de fêstiging yn Hongkong, mar dat is op it stuit net mooglik.

Yn Nederlân, België en Dútslân besjocht FrieslandCampina hokker produksjefasiliteiten slute kinne en oft der wurksumheden ferpleatst wurde kinne. Earder dit jier waard it fabryk yn Rijkevoort sletten. Ein 2021 is de reorganisaasje klear. Twongen ûntslaggen binne net útsletten. De top fan it bedriuw sjoch foar dit jier ôf fan in bonus. By FrieslandCampina wurkje wrâldwiid sa’n 24.000 minsken en der binne 11.500 buorkerijen by oansletten.

novimber 10, 2020 09:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.