Frâns Kuipers: Puzels…
Resint ferskynd
Kollum
Kryst? Gesellich? Dreech? Iensum? Alles hinget ôf fan it ûnsichtbere koroanafirus, dat de hiele wrâld yn ’e tange hat. Dat firus laat minsklik en sosjaal-ekonomysk ta in protte ellinde. Dat it gjin gesellige Kryst wurde sil, is net ‘ien-twa-trije’ de skuld fan flaterjende oerheden. Nee, it firus waard troch reizgjende minsken (!!) út Sina wei oer de hiele wrâld ferspraat. Polityk bestjoerders hawwe dêr gjin skuld oan!
Dêr stiet foaroer dat der – wrâldwiid – firologen, epidemywittenskippers en politisy beweare dat it koroanafirus (Covid-19) bewust ferspraat waard. Komplottinkers wurde se neamd. Dy jouwe sjoernalisten de skuld fan iensiedige en oerheidsfoarljochting. Benammen de nijsfoarsjenning troch NPO 1 en 2 lizze ûnder fjoer, want dy boykotte koroanatsjinlûden, sa wurdt yn kranten as De Andere Krant en Gezond Verstand beweard. Mislike propaganda.
Krisis en oanpak
Wol is it wichtich om te sjen nei de ferskillen yn oanpak fan Covid-19. Elk lân kiest foar in eigen oanpak om it ûnsichtbere firusmeunster yn ’e kraach te gripen. It firus hellet hast alles oeral, mar fjurret ek ta nije kreativiteit oan. ‘Elk nadeel hep zijn voordeel’, soe Johan Cruijff sizze. Wat yn negative sin opfâlt is it stadige reaksjefermogen fan it kabinet en de Twadde Keamer. By hast alles wurdt der te let of te slop yngrepen en groeit de krityk yn/fan it parlemint. Wat wy sjogge is gaos rûnom. In hiel soad ynwenners fan Nederlân miene it better te witten wat wol of net wichtich is, mei tanimmende ûnferskilligens as gefolch. Dat is ek in gefolch fan it feit dat firologen en pandemywittenskippers it ûnderinoar net iens binne oer de juste oanpak fan Covid-19. Kabinet Rutte-III is ôfhinlik fan harren advizen en swalket wat hinne en wer. Op 8 desimber sille we witte we hoe’t de flagge der yn de krystdagen by hinget. Allegearre hoopje wy op goed nijs.
Mûlekapke
Sa is der yn Nederlân striid oer it wol of net ferplichtsjen fan it dragen fan in mûlekapke yn binnenromten. Neffens Jaap van Dissel (RIVM-foaroanman en wittenskipper) hat in mûlekapke eins gjin nut. Tagelyk kriget fan 1 desimber ôf elkenien in boete fan € 95,00 by it net opsetten fan in mûlekapke yn in winkel of sa. Frjemde polityk, tinkt it folk. En wa kriget de skuld? Hugo de Jonge, mei syn blitse skuon. Sa tûk is Rutte dan ek wol wer.
It falt ta?
It falt wol in slach ta, wie yn maart wol de hâlding fan Rutte: “Wij zijn een nuchter volkje, wij laten ons niet gek maken.” Dy hâlding spilet oant no ta troch yn de mienskip. It op de merk rjochte kabinetsbelied fan Rutte-II (mei Asscher as vice-premier) bliek efternei besjoen de grutste oarsaak te wêzen dat Nederlân net klear wie foar it omgean mei in pandemy. Hokker dan ek! Oan it begjin fan de firusútbraak yn febrewaris/maart wie der oan fan alles wat nedich is, neat of fierstente min op foarried. Der wiene – en der binne no noch hieltyd – grutte tekoarten oan medysk personiel yn sikehuzen en ferpleechhuzen en gean sa mar troch. It falt wier net ta. Jimme witte der alles fan, liket my sa ta.
Mikrofoanpolityk?
Foarútsjen is regearje en regearje is dus foarútsjen. En dat is no krekt wat politisy yn it generaal besjoen net sa faak dogge. Sa faak mooglik mei in fraachje nei de mikrofoan stowe om bühnepuntsjes te skoaren en sa no en dan ris in sprekbeurt efter de kateder, is foar de measte Keamerleden it haaddoel. Soks is foar de eigen efterban mear as genôch om in gaadlik plakje te krijen op in kieslist. Lestige Keamerleden komme withoefaak leech op de kieslist te stean of se falle derbûten. Mar it kin ek oars, sa’t Pieter Omtzigt, ien fan de bêste CDA-keamerleden, sjen litten hat. Hy is no de twadde man fan it CDA en ‘running mate’ fan Hugo de Jonge. Pieter en Renske Leijten fan de SP binne echte Keamerkanjers, hoewol’t Thierry Baudet fan FfD op it stuit de show stelt. Genôch politike ferdivedaasje tsjin de krystdagen. Of is it geselliger om oare puzels op te lossen?
Frans. Politisy…..binne,krekt de as de measten, gewoane minsken??
Soes’t wolris gelyk oan ha kinne. Wy meie as gewoane minsken net klije oer ús politsy?