Fragen FNP oer útklaaien akute soarch

novimber 14, 2020 09:14

De FNP hat noed oer de plannen fan it Ryk mei de driuwende soarch yn Nederlân. Mei it mooglik útklaaien fan de saneamde ‘acute zorg’, konsintraasje en opskaling kin dat in negative ynfloed hawwe op de berikberens fan de soarch en dêrmei op de leefberens yn de regio. De partij hat skriftlike fragen steld oan Deputearre Steaten oer de kwestje.

Ynternetkonsultaasje
Op 1 novimber 2020 wie de falbile fan in ynternetkonsultaasje fan it Ryk oer de driuwende soarch yn Nederlân. It foarstel dêr’t op reagearre wurde koe giet út fan in nije ynrjochting fan it soarchlânskip. Libbensbedriigjende driuwende soarch sil op inkelde lokaasjes konsintrearre wurde. Der soe ek ien ‘regionale zorgmeldkamer’ komme moatte mei ien lanlik telefoannûmer nei it foarbyld fan 112. Wat is yn dit ferbân eins ‘de regio’? Alles nei Grins ta? Hoe komt it dan mei de oanrydtiden út de fiere hoeken fan de provinsje wei? De FNP dielt de noeden fan in soad dokters oer dy plannen en is bang dat de nije oanpak in negative ynfloed hawwe sil op de leefberens fan Fryslân.

Houtskoolschets
FNP-wurdfierder Rein van der Wal wol witte oft it Kolleezje op ’e hichte is fan de ynternet-konsultaasje oer de saneamde ‘Houtskoolschets acute zorg’. It is dêrby ek de fraach oft de provinsje Fryslân aktyf op de hichte steld is fan dy konsultaasje. “Hat de Provinsje reagearre; hoe sjocht de Provinsje oan tsjin in fernijde ynrjochting fan de driuwende soarch? Neffens de ‘houtskoolschets’ soe de driuwende soarch wolris út de fjouwer regionale sikehuzen (Snits, Dokkum, Drachten en it Hearrenfean) en miskien sels út Ljouwert ferdwine kinne. Uteinlik liket it hjir wer foaral om jild te draaien. It moat neffens de FNP krekt gean om de berikberens en de kwaliteit fan de soarch yn de eigen provinsje.”

novimber 14, 2020 09:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.